Luitenant-admiraal
In luitenant-admiraal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan guon lannen, yn 't bysûnder Nederlân. Dizze rang komt foar by de Keninklike Marine, dêr't er de âldere rang fan admiraal sûnt 1956 net mear bestiet. Bûtenlânske marines kenne yn 'e regel wol de rang fan admiraal, mar net dy fan luitenant-admiraal. Yn 'e Nederlânske kriichsmacht is de luitenant-admiraal by de marine ekwivalint oan generaal by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De oansprektitel fan in luitenant-admiraal is "admiraal". De boppelizzende rang is admiraal, en de ûnderlizzende rang is fise-admiraal. De letterlike betsjutting fan 'luitenant-admiraal' is "plakferfanger fan 'e admiraal".
Hoewol't oant yn 'e santjinde iuw eltse Nederlânske admiraliteit (Fryslân, West-Fryslân, Amsterdam, Rotterdam en Seelân) noch in eigen luitenant-admiraal beneamde, is dizze rang no sa goed as útstoarn. Inkeld as de kommandant fan de striidkrêften ta de marine heart, wurdt de rang fan luitenant-admiraal noch beklaaid.
Skematysk oersjoch
bewurkje seksjeOersjoch fan 'e luitenant-admiraalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
generaal | admiraal of luitenant-admiraal |
generaal of opperloftmaarskalk |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
bewurkje seksje(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OF-9 | |||||||
generaal generaal |
luitenant-admiraal admiraal (by it Korps Mariniers: generaal) |
generaal generaal |
gjin ekwivalint |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |