Norwich (/[ˈnɒɹɪdʒ]?/) (Nederlânsk, ferâldere: Noordwijk) is in Ingelske stêd (city) en in distrikt yn it greefskip Norfolk.

Norwich
De merk yn Norwich
De merk yn Norwich
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Greefskip Norfolk
Regio East Ingelân
Sifers
Ynwennertal 132.000 (2008)
Oerflak 39,02 km²
Stêdekloft 376.500
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
Norwich City Council
Lizzing distrikt Norwich yn Norfolk

Norwich leit oan it rivierke de Wensum.

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Norwich wie yn de 11e iuw de grutste stêd yn Ingelân nei Londen en ien fan de meast wichtige plakken yn it keninkryk. Yn 1144 waarden de Joaden fan Norwich beskuldige fan rituele moard op in jonkje (William of Norwich). It foarfal late ta de earste pogrom tsjin Joaden yn Ingelân. William krige de status fan martler en it plak luts in soad pylgers. Op 6 febrewaris 1190 waarden alle Joaden fan Norwich ôfslachte, útsein dejingen dy't beskûl yn it kastiel socht hienen. Yn 1171 hie Norwich te lijen fan in grutte stedsbrân.

Iuwenlang wie de produksje fan tekstyl dêr fan grut ekonomysk belang.

Norwich hat in soad skea oproan troch bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich. Grutte parten fan de âlde binnenstêd giene doe ferlern.

Berne yn Norwich

bewurkje seksje