Flora MacDonald (eins, Skotsk-Gaelysk: Fionnghal NicDhòmhnaill; Milton, 1722Kingsburgh, 4 maart 1790) wie in Skotske frou dy't ferneamd waard doe't se nei de mislearre Jakobityske Opstân fan 1745 de fersleine prins Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, holp om oan syn Britske efterfolgers te ûntkommen. Letter waard hja oppakt en in jier finzen holden. Dêrnei krige Flora MacDonald amnesty, troude, en emigrearre nei de Britske koloanje Noard-Karolina, dêr't sy en har man ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch oan 'e Britske kant stiene en sysels in hoart ûnderdûke moast. Uteinlik kearde se werom nei Skotlân, dêr't se de rest fan har libben op 'e Hebriden trochbrocht.

Flora MacDonald
persoanlike bysûnderheden
echte namme Fionnghal NicDhòmhnaill
nasjonaliteit Britsk
berne 1722
berteplak Milton (Skotlân)
stoarn 4 maart 1790
stjerplak Kingsburgh (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
aktyf as jakobyt
reden
  bekendheid
holp Bonnie Prince Charlie om
   oan syn efterfolgers te ûnt-
   kommen nei de mislearre
   Jakobityske Opstân fan 1745
Dizze side giet oer de Skotske jakobyt. Foar de Kanadeeske politika, sjoch: Flora MacDonald (politika).

Flora MacDonald, dy't eins (yn it Skotsk-Gaelysk) Fionnghal NicDhòmhnaill hiet, waard yn 1722 berne te Milton, op it Hebridyske eilân Súd-Uist, foar de westkust fan Skotlân. Hja wie de dochter fan 'e laird Ranald MacDonald fan Milton en dy syn frou Marion, dochter fan Angus MacDonald. Doe't se in jier âld wie, kaam har heit te ferstjerren, en neitiid waard har mem skaakt troch Hugh MacDonald fan Armadale, op it eilân Skye, dy't mei har troude. Flora waard sadwaande grutbrocht ûnder tafersjoch fan Ranald MacDonald fan Clanranald, de haadman fan 'e Clan MacDonald fan Clanranald, dat in neef fan har heit wie. Hja genoat har ûnderwiis foar in diel yn 'e Skotske haadstêd Edinburch en wie har hiele libben in praktisearjend presbyteriaanse.

De Jakobityske Opstân fan 1745

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Jakobityske Opstân fan 1745.

Under de Jakobityske Opstân fan 1745 fochten de MacDonalds fan Clanranald foar de jakobityske saak yn it leger fan Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, in telch út it ôfsette en ferballe Hûs Stuart, dy't yn 'e simmer fan 1745 hommels yn Skotlân arrivearre. Nei't de rebûlje yn april 1746 op it slachfjild fan Culloden Muir troch it boalderjen fan 'e Britske kanonnen yn bloed smoard wie, moasten de Heechlânske clans belies jaan. De fersleine prins swalke dêrnei moannenlang troch noardwestlik Skotlân om, op 'e siik nei in manear om te ûntkommen nei Frankryk, wylst Britske regearingstroepen him oanhâldend op 'e hakken sieten. Op in stuit kaam er dêrby yn juny 1746 yn 'e knipe te sitten op it lytse eilân Benbecula.

 
Flora MacDonald seit de prins farwol, op in skilderij fan George William Joy.

Flora MacDonald, dy't doe 24 jier wie, brocht op dat stuit in besyk oan famylje op dat eilân, te witten it gesin fan har iennichste broer, Angus MacDonald fan Milton. Dêr waard hja sjoen troch in kaptein Conn O'Neil fan The Feeva yn it Ierske greefskip Antrim, de lêste selskipsman dy't de prins noch by him hie, en dy't har earder ris troffen hie. Ut har praat by dy gelegenheid wied er frij wis fan har jakobityske sympatyen, dat sadwaande spriek er har op Benbecula oan en frege er har help om 'e prins fan it eilân ôf te smokkeljen en nei it folle gruttere eilân Skye ta.

Flora stimde dêryn ta en sette daliks ôf om tariedings te meitsjen. Benbecula waard lykwols behearske troch de milysjes fan 'e clans MacDonald fan Sleat, MacLeod en Campbell, dy't op 'e hân fan it Britske regear wiene, en nimmen dy't him sûnder jildige pas op 'en paad jaan koe. Sadwaande waarden Flora en har tsjinstfeint Neil MacEachan frijwol daliks oanholden troch in patrûlje dy't harren ofsier derby rôpen. Troch klearebare tafal bliek dat nimmen oars te wêzen as Hugh MacDonald fan Armadale, Flora har styfheit. Doe't se sei dat se har mem (te Armadale, op Skye) besykje woe, joech dy har sûnder euvelmoed passen foar harsels, MacEachan, har Ierske tsjinstfaam Betty Burke en de seis roeiers dy't it trijetal oersette moasten.

Mei de prins ferklaaid as Betty Burke sette it selskip op 'e jûn fan 28 juny ôf fan in ferlitten strân, om't ornearre waard dat it te gefaarlik wie en begjin de reis by ljochtskyndei. Yn 'e nacht rekken de roeiers troch de ûnlijige wyn lykwols harren oriïntaasje alhielendal kwyt, en doe't it wer ljocht waard, hiene se der gjin idee oer wêr't se wiene, temear om't it selskip net oer in kompas beskikte. Al rillegau kaam lykwols in bekend skiereilân fan Skye yn sicht, en waard koerts setten dy kant út. By Waternish, op Skye, krige in patrûlje fan 'e MacLeods harren yn 'e rekken, en waard de boat fan 'e kust ôf mei musketten ûnder fjoer nommen. Neffens it ferhaal soe Flora har by dy gelegenheid tige heldhaftich holden en droegen hawwe, en pas tajûn hawwe oan it oankringen fan 'e prins om plat yn 'e boat lizzen te gean, doe't er deryn tastimde om dat sels ek te dwaan.

Nei't se sûnder kleanskuorren oan 'e besjitting ûntkomd wiene, lâne it selskip op Skye te Kilbride, yn 'e neite fan Moydhstat, it lânhûs fan sir Alexander MacDonald fan Moydhstat. De prins bleau ferburgen tusken de rotsen efter wylst Flora mei MacEachan nei it lânhûs gie, dêr't Margaret MacDonald, de frou fan sir Alexander, harren hertlik ferwolkomme. Hja hie lykwols in milysje-ofsier fan 'e Clan MacLeod yn 'e hûs, en koe sadwaande de prins net ûntfange, mar regele dat de rintmaster fan har man, Alexander MacDonald fan Kingsburgh, de prins bûtendoar mette en him meinaam nei syn eigen wente te Kingsburgh.

 
It stânbyld fan Flora MacDonald foar it Kastiel fan Inverness.

Underwilens holden Flora en Margaret de hiele middei, oan 'e jûn ta, de milysje-ofsier oan 'e praat, sadat dy gjin lucht fan 'e oanwêzigens fan 'e prins krige. Op 'e jûn sette Flora, mei it ferlechje dat se no echt fierder moast nei har mem ta, mei MacEachan op hynders ôf. Se hellen de prins en MacDonald fan Kingsburgh, dy't geandefoets wiene, yn en brochten de nacht troch te Kingsburgh. De oare deis smokkele MacDonald fan Kingsburgh de prins fia Portree, op Skye, nei Glam, op it eilân Raasay, dêr't er in hoart tahold yn itselde plak fan beskûl dêr't ek syn oanhinger Malcolm MacLeod fan Raasay ûnderdûkt siet.

Neitiid waarden de Britten troch it praat fan 'e roeiers de mandéligens fan Flora MacDonald yn 'e ûntsnapping fan 'e prins gewaar. Hja waard oppakt en oerbrocht nei Londen, dêr't se in skoftke yn 'e Toer fan Londen finzen holden waard. Fanwegen har sekse waard it har letter tastien om har ûnder tafersjoch fan in fâd nei wenjen te setten yn in boargerwente bûten de Toer. Nei't it Britske parlemint yn 1747 de Amnestywet oannommen hie, waard se frijlitten.

Trouwen en bern

bewurkje seksje

Flora troude op 6 novimber 1750 mei Allan MacDonald fan Kingsburgh, in kaptein yn it Britske leger en de âldste soan fan Alexander MacDonald fan Kingsburgh. Hja setten har nei wenjen yn Flodigarry, op Skye, dêr't se neitiid fiif soannen en twa dochters krigen. Doe't har skoanheit yn 1772 kaam te ferstjerren, ferhuzen Flora en har gesin nei it famyljelânhûs te Kingsburgh.

Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.

Yn 1774 emigrearren Flora en har man nei de Britske koloanje Noard-Karolina, dêr't har sûnt de 1720-er jierren in protte Skotten nei wenjen set hiene. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch wiene de MacDonalds loyalisten, dy't oan 'e Britske kant stiene. Allan MacDonald naam sels op 'e nij tsjinst yn it Britske leger, by it 84e Rezjimint Ynfantery, dat bekend stie as de Keninklike Heechlânske Emigranten. Neffens it ferhaal soe Flora yn febrewaris 1776 te Cross Creek (no Fayetteville) in oanfiterjende taspraak holden hawwe foar de loyalistyske troepen dy't dêr gearlutsen wiene, foarôfgeande oan 'e Slach by Moore's Creek Bridge. It is ûndúdlik oft dêr wol wat fanoan is.

 
It grêf fan Flora MacDonald op it tsjerkhôf fan Kilmuir, op it eilân Skye.

Yn elts gefal waard Allan MacDonald by dat treffen kriichsfinzen makke troch de Amerikaanske opstannelingen, dy't him twa en in heal jier fêstholden oant der yn it neijier fan 1778 in útwikseling fan finzenen organisearre waard. Underwilens moast Flora ûnderdûke, wylst de opstannelingen har plantaazje ferwuostgen en har famyljebesittings plonderen. Nei't er frijlitten wie, krige har man it befel oer it twadde bataljon fan 'e it 84e Rezjimint Ynfantery, dat yn Fort Edward lei, by Windsor, yn Nij-Skotlân. Dêr foege Flora har by him.

Werom yn Skotlân

bewurkje seksje

Yn 1779 kearde Flora allinnich op in keapfardijskip werom nei Skotlân. Under de reis waard it skip oanfallen troch Amerikaanske kapers. Flora wegere lykwols it dek te ferlitten en ferskûlje har yn it rom mei de oare froulju. De oanfal waard ôfslein, hoewol't Flora ferwûne rekke oan har earm. Nei har oankomst yn Skotlân wenne hja by ferskate famyljeleden yn, wêrûnder har dochter Anne, dy't troud wie mei in generaal-majoar Alexander MacLeod. Fiif jier letter, oan 'e ein fan 'e oarloch, kearde ek har man Allan MacDonald werom nei Skotlân. Hja krigen doe de famyljeresidinsje te Kingsburgh werom, dêr't Flora MacDonald op 4 maart 1790, yn 'e âlderdom fan 68 jier, kaam te ferstjerren. Hja leit begroeven op it tsjerkhôf fan Kilmuir, dêr't neitiid ta har eare in senotaaf oprjochte is.

Al by har libben wie Flora MacDonald yn Skotlân in bekendheid fanwegen har rêding fan Bonnie Prince Charlie, mar nei har dea krige har namme yn it tiidrek fan 'e Romantyk in hast wol legindaryske lading. It waard ien fan 'e grutte nammen dy't foargoed ferbûn rekken mei de Jakobityske Opstân fan 1745. Yn 1896 waard by it Kastiel fan Inverness op in heech fuotstik in libbensgrut stânbyld fan har pleatst. De Flora MacDonald's Fancy is in Skotske Heechlânske folksdûns dy't ta har eare goreografearre is en dy't nei't it hjit basearre is op in dûns dy't sysels útfierd hawwe soe foar Bonnie Prince Charlie. De Flora MacDonald's Fancy stiet bekend om syn balleteske stappen en elegante bewegings.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.