Hebriden
De Hebriden (Ingelsk: Hebrides, Skotsk-Gaelysk: Na h-Innse Gall) binne in groep fan likernôch 500 eilannen W en NW fan Skotlân, wêrfan 100 bewenne binne. De wichtichste binne Lewis en Skye. De Hebriden wurde ûnderferdield yn de Bûten-Hebriden en de Binnen-Hebriden. Der wurdt ek wol oan referearre mei Western Islands of Western Isles.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Hebriden wiene oarspronklik bewenne troch Kelten. Yn de 6de iuw waarden se ta it Kristendom bekeard troch St Kolumba. Wytsingen út Súd-Noarwegen feroveren de eilannen fan de 8ste iuw ôf. Sy sprieken fan de Súdlike Eilannen. It ferdrach fan Perth fan 1266 makke in ein oan de Noarsk-Skotske oorlogen. Doe kamen de Hebriden ûnder de Skotske Kroan, mar feitlik sloegen ferskate Skotske clanhaden dêr foar master op. Yn 1346 krige de McDonalds-clan de absolute hearskippij as Lords oer de eilannen. Midst 18de iuw waarden de Hebriden ien mei Skotlân. De ferhalen fan de Skotske skriuwer Sir Walter Scott hawwe de bekendheid fan de eilannen by it grutte publyk fergrutte. Oerbefolking en earmoed hawwe yn de 20ste iuw laat ta emgraasje, foaral nei Kanada.