In laird (útspr.: [lɛɘrd]; likernôch: "lêrd") is in Skotsk wurd dêr't de eigner fan in lângoed yn Skotlân mei oantsjut wurdt. Yn 'e Skotske maatskiplike rangoarder stiet sa'nent ûnder in baron, mar boppe in boargerhear (gentleman). De titel soe ferlike wurde kinne mei de jonker fan alearen.

De titel laird mei tsjintwurdich by wet allinnich mar fierd wurde troch de eigner fan in lângoed (d.w.s. in bûtenpleats mei lânerijen), dy't as sadanich erkend is troch it Hof fan de Lord Lyon, de heechste autoriteit op it mêd fan 'e Skotske heraldyk. Sokke lairds wurde yn 'e regel oantsjut as [foarnamme] [efternamme] of [lângoed], wêrby't of oerset wurde kin as "fan" (dus bgl. John Graham fan Claverhouse of Donald Cameron fan Lochiel).

Histoarysk waarden lytse, plattelânske lairds faak oantsjut as bonnet lairds ("baret-lairds"), om't dy yn 'e regel in Glengarry-baret (Glengarry bonnet) droegen, in swart opsteand kopdeksel, by de râne lâns fersierd mei in bân fan tartanstof en mei in plomke oan 'e rjochtersydkant.

It Skotske laird stammet fan it Angelsaksyske hlafweard, dat letterlik "breawarder" betsjut. It Ingelske wurd lord ("hear") hat deselde oarsprong, mar betsjut net itselde as it Skotske laird, mei't lord dúdlik in hegere aadlike titel is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.