De Russen binne in East-Slavysk folk dat har fêstige hat yn Ruslân. Harren taal is it Russysk, en almeast binne hja Russysk-otterdoks.

Ferneamde Russen

De Russen binne by, it opslitsen fan de Slaven, fan Poalen út nei it easten gongen nei de hjoeddeiske Russyske Leechflakte. De namme tsjut nei alle gedachten op de lytsere groep Wytsingen dy't har letter yn it gebiet fêstigen, op de hannelsrûte nei de Swarte See, en dy't yn 'e rin fan 'e tiid hielendal yn it Slavyske folk opnaam is. Op dyselde wize waard ek it lytse Mongoalske folk opnaam, foar sa fier it nei it útienfallen fan harren ryk yn it Russyske gebiet efterbleau.

De Russen binne mei sa'n 137 miljoen minsken it grutste folk fan Jeropa. Njonken 116 miljoen yn Ruslân, 8 miljoen yn de Oekraïne, 5 miljoen yn Kazakstan en 1 miljoen yn Wyt-Ruslân, binne der ek Russyske mienskippen yn de Baltyske Steaten, yn de Feriene Steaten en yn West-Jeropa.


Dit artikel is in stobbe oer folkekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.