Russysk-Otterdokse Tsjerke

(Trochferwiisd fan Russysk-otterdoks)

De Russysk-Otterdokse Tsjerke (Russysk: Русская Православная Церковь, Russkaja Pravoslavnaja Cerkov’), ek wol bekend as de Otterdokse Kristlike Tsjerke fan Ruslân, is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't fanâlds de steatstsjerke fan Ruslân is. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Moskou en yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken.

Russysk-Otterdokse Tsjerke
De Kristus Ferlosserkatedraal yn Moskou.
De Kristus Ferlosserkatedraal yn Moskou.
algemiene ynformaasje
off. namme Russysk-Otterdokse Tsjerke
stifting 988
ûnôfhinklik 1448
erkenning 1589 (Oek. Pat. f. Konstantinopel)
titel primaat patriarch fan Moskou
sit primaat Moskou (Ruslân)
fierdere bysûnderheden
streaming eastersk-otterdoksy
tsjerketaal Tsjerkeslavysk
ledetal 150.000.000 (2011; eigen sifers)
webside www.patriarchia.ru

Skiednis bewurkje seksje

Neffens de leginde is de Russysk-Otterdokse Tsjerke stifte troch de apostel Andréas, dy't oan 'e ein fan 'e earste iuw Skysje en de Grykske koloanjes oan 'e noardkust fan 'e Swarte See besocht hawwe soe. Yn wurklikheid moat de stifting lykwols takend wurde oan grutfoarst Wladimir de Grutte, dy't de tsjerke yn Ruslân fêstige troch yn 988 syn ryk, Kiëv-Rus, te kristenjen. Yn 1448 waard it patriargaat fan Moskou ûnôfhinklik fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel, mar it duorre noch oant 1589 foar't de partriarch fan Konstantinopel dy ûnôfhinklikens ek tajaan woe en Moskou as fyfde eastersk-otterdokse partriargaat (nei Konstantinopel, Aleksandrië, Antiochië en Jeruzalim) erkend waard.

Nei't Konstantinopel yn 1453 yn Turkske hannen fallen wie, begûnen de partriargen fan Moskou harsels wat langer wat mear as feitlik lieder fan 'e gruttere Eastersk-Otterdokse Tsjerke te beskôgjen en de oekumenyske patriarch yn it troch de moslims besette Konstantinopel inkeld as it symboalysk haad. Moskou waard doe "it Trêde Rome" neamd (nei Rome sels en Konstantinopel). Dy sitewaasje en dat selsbyld duorre fuort oant nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 de kommunisten yn Ruslân oan 'e macht kamen.

Under it Sovjet-rezjym hie de Russysk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen, net allinnich troch druk fan bûtenút, mar teffens fanwegen ynterne rebûlje. Ferskate tsjerkeskuorrings datearje út 'e iere Sovjet-tiid. Boppedat skate de Russysk-Otterdokse Tsjerke bûten de Sovjet-Uny him ôf fan 'e ûnder kommunistysk tafersjoch steande memmetsjerke.

Yn oktober 2018 loek it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel in beslút út 1683 yn, dat ornearre dat de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke ûnder it gesach fan Moskou foel. Dat hie ta gefolch dat de Russyysk-Otterdokske Tsjerke in ein makke mei de bannen mei it Oekumenysk Patriargaat. Yn 2019 beskuldige Moskou it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel fan ketterij.

Hjoed de dei bewurkje seksje

Sûnt de ein fan 'e Kâlde Oarloch en it útinoar fallen fan 'e Sovjet-Uny hat de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Ruslân syn âlde posysje fan steatstsjerke grutdiels wer werom witten te winnen. Yn 'e mande mei alle autosefale tsjerken ûnder syn bewâld hat de Russysk-Otterdokse Tsjerke wrâldwiid likernôch in ledetal fan 150 miljoen; dat is likefolle as alle oare eastersk-otterdokse tsjerken mei-inoar. (Al moat dêrby oantekene wurde dat dat sifers binne fan 'e Tsjerke sels; oare boarnen skatte it tal leauwenden folle leger yn, en komme dêrby bgl. út op in 60 miljoen Russysk-otterdoksen yn Ruslân.) Under alle kristlike tsjerken stiet de Russysk-Otterdokse Tsjerke kwa oantal leden op it twadde plak, nei de Roomsk-Katolike Tsjerke. Neffens sifers út 2010 besloech de Russysk-Otterdokse Tsjerke 160 bisdommen mei 30.142 parochy's, betsjinne troch 207 biskoppen, 28.434 preesters and 3.625 diakens. Fierders wiene der 788 kleasters, mei dêrûnder 386 for mûntsen en 402 foar nonnen.

Yn 2016 wie it tal russysk-otterdokske kleasters yn Ruslân al tanommen ta 926, wylst it tal parochy's fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn Ruslân oan it begjin fan 2019 al 38.000 telde.[1]

De Russysk-Otterdokse Tsjerke en ûnderhearrichheden bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd, 31.01.2019

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.