Grienblau
Grienblau (net te betiizjen mei blaugrien), of yn it Ingelsk: teal, is in kleur dy't beskôge wurde kin as in tint fan blau of fan grien, en dy't ek wol as in dûnkere foarm fan syaan of turkwaze sjoen wurdt. De oantsjutting 'grienblau' wurdt ek wol brûkt as in algemiene namme foar alle tinten syaan en turkwaze. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is grienblau in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch de ferminging fan grien en blau ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, produsearre troch it mingen fan syaan, maginta en giel (en yn 'e praktyk ek noch wat swart). De komplemintêre kleur fan grienblau is bordeauxread.
grienblau | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #008080 | |
RGBª (r, g, b) | (0, 128, 128) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (86, 31, 49, 8) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Teal
bewurkje seksjeYn it Ingelsk hjit grienblau "teal" (útspr.: [ti:l], likernôch: "tiil"), nei de Ingelske beneaming foar de piiptsjilling (Anas crecca), in einfûgel wêrfan't de jerk in stripe fan dizze kleur oer de sydkanten fan 'e kop rinnen hat. Etymologysk komt it Nijingelske teal fan it Midingelske tele, dat besibbe is oan it Nederlânske taling, it Nederdútske telink en it Fryske tsjilling. As kleuroantsjutting waard it wurd teal foar it earst optekene yn 1917.
Assosjaasjes
bewurkje seksjeYn 'e 1990-er jierren wie teal yn 'e Angelsaksyske lannen, mar benammen yn 'e Feriene Steaten, in trendkleur, dy't troch in grut tal sportklubs keazen waard as tenukleur. Foarbylden binne de Jacksonville Jaguars, in Amerikaansk fuotbalteam út Jacksonville (Floarida), de San Jose Sharks, in iishockeyklub út San Jose (Kalifornje), en de Port Adelaide Football Club, in Australysk fuotbalteam út Adelaide. Ek de Belfast Giants, in iishockeyklub út Belfast, hawwe grienblauwe tenu's, om't grienblau yn 'e Noardierske kontekst in neutrale kleur is, dy't noch mei it protestantisme, noch mei it roomsk-katolisisme te krijen hat.
Grienblau is fierders de offisjele kleur foar de striid tsjin aaistôkkanker. Oerlibbenen fan en aktivisten tsjin dy sykte drage dêrom faak lintsjes, earmbannen, T-shirts of petten yn dy kleur, mei as doel om algemien bewustwêzen oangeande dy foarm fan kanker te kweken.
Besibbe tinten
bewurkje seksjegrienblau | #008080 | |
blaugrien | #0D98BA | |
dinnegrien | #01796F | |
donkersyaan | #008B8B | |
donkerturkwaze | #00CED1 | |
eineblau | #007791 | |
firidiaan | #40826D | |
griisgrienblau (teal blue) | #367588 | |
junglegrien | #29AB87 | |
keppel | #3AB09E | |
kopergrien | #43B3AE | |
ljochtseegrien | #20B2AA | |
mirtegrien | #317873 | |
seladongrien | #2F847C | |
syaan | #00FFFF | |
turkwaze | #40E0D0 | |
tuskenbeiden turkwaze | #48D1CC |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |