Einfûgels
De Einfûgels (Anatidae) binne in famylje yn it skift fan de Goeseftigen (Anseriformes), mei dêryn de Einen, Guozzen, Swannen en hast alle wetterfûgels dy't dêr op lykje.
Uterlik Bewurkje
Einfûgels hawwe allegear in wat plotsich lichem en koarte poaten. De fûgels binne oanpast oan it swimmen, it driuwen op it wetter, en foar guon soarten ek oan it dûken yn ûndjip wetter. Einfûgels hawwe swimfluezen oan harren poaten, en hawwe platte snaffels. Se bringe in waakseftige stof oan op harren fearren, sa't wetter dêr net trochhinne kringe kin.
Fersprieding Bewurkje
Utsein op Antarktika komme Einfûgels oeral op 'e wrâld foar. Ferskate Einfûgels binne holden as húsdieren, foar de aaien of it fleis, mar fral ek foar de fearren. Hjirtroch binne by guon soarten njonken in wylde ûndersoart ek ien as mear nuete ûndersoarten ûntstien.
Besibbens Bewurkje
Ut DNA-ûndersyk docht bliken dat Einfûgels net fier ôf stean fan de Neornithes, de mienskiplike âldfaar fan alle fûgels.
Wylst der gjin diskusje is oer hokfoar fûgels krekt ta de Einfûgels rekkene wurde moatte, is der al in soad te dwaan oer hokfoar soarten krekt ta hokfoar skaaien hearre. Ek yndielings yn ûnderfamyljes kinne grutter ferskillen hawwe. De neikommende list is dêrmei mar ien mooglike yndieling yn skaaien; oare ynsichten kinne ta oare risseltaten liede.
Klassifikaasje Bewurkje
- Skift: goeseftigen (Anseriformes)
- Famylje: einfûgels (Anatidae)
- Skaai: fluiteinen (Dendrocygna), 8 soarten
- Skaai: dûkerfluiteinen (Thalassornis), 1 soarte
- Skaai: hinneguozzen (Cereopsis), 1 soarte
- Skaai: seeguozzen (Branta), 6-8 soarten
- Skaai: guozzen (Anser), 11 soarten
- Skaai: goesswannen (Coscoroba), 1 soarte
- Skaai: swannen (Cygnus), 6-7 soarten
- Skaai: aapguozzen (Stictonetta), 1 soarte
- Skaai: sêftsnaffeleinen (Hymenolaimus), 1 soarte
- Skaai: boateinen (Tachyeres), 4 soarten
- Skaai: riviereinen (Merganetta), 1 soarte
- Skaai: spoarguozzen (Plectropterus), 1 soarte:
- Soarte: spoargoes (Plectropterus gambensis)
- Skaai: kaameinen (Sarkidiornis), 2 soarten:
- Soarte: Amerikaanske kaamein (Sarkidiornis sylvicola)
- Soarte: kaamein (Sarkidiornis melanotos)
- Skaai: blauwjukguozzen (Cyanochen), 1 soarte:
- Soarte: blauwjukgoes (Cyanochen cyanoptera)
- Skaai: nylguozzen (Alopochen), 1 libbene en 2 ústoarne soarten:
- Soarte nylgoes (Alopochen aegyptiaca)
- Skaai: orinokoguozzen (Neochen), 1 soarte
- Skaai: Súdamerikaanske guozzen (Chloephaga), 5 soarten
- Skaai: (Radjah), 1 soarte
- Skaai: bercheinen (Tadorna), 5 libbene en 1 útstoarne soarten, dêrûnder:
- Skaai: (Malacorhynchus), 1 soarte
- Skaai: salvadoritsjillings (Salvadorina), 1 soarte
- Skaai: boskeinen (Cairina), 1 soarte:
- Soarte: moskesein (Cairina moschata)
- Skaai: (Asacornis), 1 soarte:
- Skaai: oerwâldeinen (Pteronetta), 1 soarte
- Skaai: gekskape-einen (Aix), 2 soarten:
- Soarte: breidein (Aix sponsa)
- Soarte: mandarynein (Aix galericulata)
- Skaai: moanjeseinen (Chenonetta), 1 soarte
- Skaai: dwercheinen (Nettapus), 3 soarten:
- Soarte: Afrikaanske dwerchein (Nettapus auritus)
- Soarte: Yndyske dwerchein (Nettapus coromandelianus)
- Soarte: griene dwerchein (Nettapus pulchellus)
- Skaai: Amazônetjillings (Amazonetta), 1 soarte
- Skaai: ringtjillings (Callonetta), 1 soarte
- Skaai: plomeinen (Lophonetta), 1 soarte
- Skaai: (Speculanas), 1 soarte
- Skaai: Sibearyske tjillings (Sibirionetta), 1 soarte:
- Soarte: Sibearyske tjilling (Sibirionetta formosa)
- Skaai: tjillings of tsjillings (Spatula), 10 soarten:
- Soarte: skiertjilling of skiertsjilling (Spatula querquedula)
- Soarte: blausnaffeltjilling (Spatula hottentota)
- Soarte: (Spatula puna)
- Soarte: (Spatula versicolor)
- Soarte: (Spatula platalea)
- Soarte: kanieltjilling (Spatula cyanoptera)
- Soarte: blauwjuktjilling (Spatula discors)
- Soarte: Afrikaanske slob (Spatula smithii)
- Soarte: (Spatula rhynchotis)
- Soarte: slob (Spatula clypeata)
- Skaai: smjunten (Mareca), 5 libbene en 1 útstoarne soarten:
- Soarte: eastein (Mareca strepera)
- Soarte: grienkopein (Mareca falcata)
- Soarte: smjunt (Mareca penelope)
- Soarte: Sileenske smjunt (Mareca sibilatrix)
- Soarte: Amerikaanske smjunt (Mareca americana)
- Skaai: einen (Anas), 31 libbene en 1 útstoarne soarten, dêrûnder:
- Soarte: wylde ein (Anas platyrhynchos)
- Soarte: swarte ein (Anas rubripes)
- Soarte: Afrikaanske pylksturt (Anas capensis)
- Soarte: pylksturt (Anas acuta)
- Soarte: piiptjilling of piiptsjilling (Anas crecca)
- Soarte: Amerikaanske piiptjilling (Anas carolinensis)
- Skaai: moarmereinen (Marmaronetta), 1 soarte:
- Soarte: moarmerein (Marmaronetta angustirostris)
- Skaai: reakopeinen (Netta), 3 soarten
- Skaai: jollings (Aythya), 12 soarten, dêrûnder:
- Skaai: lytse eiders (Polysticta), 1 soarte
- Skaai: eiders (Somateria), 3 soarten
- Skaai: harlekyneinen (Histrionicus), 1 soarte
- Skaai: see-einen (Melanitta), 6 soarten
- Skaai: iiseinen (Clangula), 1 soarte
- Skaai: rinkeleinen (Bucephala), 3 soarten:
- Soarte: buffelkopeinen (Bucephala albeola)
- Soarte: rinkelein (Bucephala clangula)
- Soarte: Yslânske rinkelein (Bucephala islandica)
- Skaai: lytse seachbekken (Mergellus), 1 soarte
- Skaai: kapeseachbekken (Lophodytes), 1 soarte
- Skaai: seachbekken (Mergus), 4 libbene en 1 útstoarne soarten
- Skaai: koekoekeinen (Heteronetta), 1 soarte
- Skaai: maskereinen (Nomonyx), 1 soarte
- Skaai: stikelsturten (Oxyura), 6 soarten
- Skaai: wettereinen (Biziura), 1 soarte
- Famylje: einfûgels (Anatidae)
Keppeling om utens Bewurkje
- Commons: Einfûgels – foto, fideo en harktriemmen