De gielsnaffelein of gielbekein (Anas undulata) is in fûgelsoarte út 'e famylje einfûgels (Anatidae). Alain Dubois publisearre yn 1839 foar it earste de wittenskiplike namme fan 'e ein.

gielsnaffelein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas superciliosa
Dubois, 1838
IUCN-status: net-bedrige
 
Fleanende gielsnaffelein yn Súd-Afrika.

De ein is in likernôch 51 oant 58 sm lange fûgel mei in trochsnit gewicht fan 900 gram. Der is net in soad ferskil tusken jerkjes en wyfkes. De einen binne fral griis en hawwe in donkerdere kop. De wjukken binne fan ûnder wyteftich en it speculum is grien mei wite rânen. It mantsje is wat grutter as it wyfke en hat in wat langere hals. Se ha in felle, gieloranje snaffel mei op 'e boppesnaffel in swarte flek en oan 'e ein in swart punt.

It is gjin trekfûgel, mar yn 'e drûge tiid giet er sykjen nei wetter. Bûten it brieden is de fûgel sosjaal en libbet er yn groepen.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt yn sintraal en súdliuk Afrika foar.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne twa ûndersoaten fan 'e gielsnaffelein:

De A. u. ruppelli is donkerder en hat in blau speculum.

 
Gielsnaffeleinen fan de nominaatfoarm.

Beide ûndersoarten wurde neffens IUCN net bedrige. De ljochte ûndersoarte libbet oan 'e marren fan 'e iepen Afrikaanske savannen en wurdt in soad yn eastlik Súd-Afrika sjoen. It oantal wurdt op 60.000 fûgels rûsd.

De donkere ûndersoarte libbet yn lytse populaasjes yn it Etyopyske heechlân oant in hichte fan 4.000 m boppe de seespegel. Dêrnjonken is de ûndersoarte ek by en op East-Afrikaanske wettergebieten te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: