Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan de Natoer

(Trochferwiisd fan IUCN)

De Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (Ingelsk en offisjeel: International Union for Conservation of Nature), better bekend ûnder de ôfkoarting IUCN, is in ynternasjonale organisaasje dy't aktyf is op it mêd fan natoerbeskerming en de promoasje fan duorsumens by it gebrûk fan natuerlike helpboarnen. It is in koepelorganisaasje mei 1.400 lidorganisaasjes en 900 wurknimmers, dy't aktyf is yn mear as 50 lannen en territoaria. It haadkertier is fêstige yn it Switserske Gland. De IUCN waard op inisjatyf fan 'e UNESCO, de erfgoedbeskermingsorganisaasje fan 'e Feriene Naasjes (FN), op 5 oktober 1948 oprjochte yn it Frânske Fontainebleau, mar de IUCN sels hat gjin bannen mei de FN.

Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan de Natoer
algemiene ynformaasje
ôfkoarting IUCN
nasjonaliteit (ynternasjonaal)
type org. feriening
wurkmêd natoerbeskerming
haadkertier Gland (Switserlân)
oprjochte 1948
tal leden 1.400
wurknimmers 900
aktyf yn hiele wrâld
offisjele webside
www.iucn.org

De IUCN hâldt him dwaande mei it gearfandeljen fan ynformaasje, analyze fan dy ynformaasje, it útfieren fan projekten yn it fjild, it opkommen foar natoerbeskerming en it oanfiterjen fan edukaasje op dat mêd. Sûnt likernôch it begjin fan 'e ienentweintichste iuw hat de organisaasje syn wurkmêd ferbrede om ek saken oangeande duorsume eksploitaasje fan natuerlike helpboarnen te ynkorporearjen. De IUCN besiket net sels om it publyk te mobilisearjen foar natoerbeskerming, mar wurket ynstee yndirekt troch de aksjes fan oerheden, grutte bedriuwen en oandielhâlders yn sokke bedriuwen te beynfloedzjen troch it ferskaffen fan ynformaasje en advys en troch it opbouwen fan gearwurking en fertrouwen. By in breder publyk is de organisaasje it bekendst troch de Reade List fan 'e IUCN, in database wêryn't de status fan soarten út 'e hiele wrâld beoardiele wurdt.

By de Feriene Naasjes hat de IUCN in waarnimmerstatus en in riejaande status. De organisaasje spile(t) in rol fan betsjutting by de ymplemintearring fan ferskate ynternasjonale konvinsjes oangeande natoerbeskerming en it behâld fan bioferskaat. De IUCN wie belutsen by de oprjochting fan it Wrâldnatoerfûns (WNF) en it World Conservation Monitoring Centre.

Yn it ferline hat de IUCN bleatstien oan 'e krityk dat de organisaasje natoerbeskerming boppe de belangen fan lânseigen folken pleatste. Oant likernôch 1990 stie de IUCN it saneamde "Yellowstone Model" fan natoerbeskerming foar, yn it ramt wêrfan't alle minsken út beskerme natoergebieten ferwidere wurde moasten. In bekend útfloeisel dêrfan wie de ferballing fan 'e Masai fan Tanzania en Kenia út it Nasjonaal Park De Serengeti en it Beskerme Gebiet Ngorongoro, dêr't harren foarâlden al tûzenen jierren libben, kij hoeden en jagen. In oar punt fan krityk wie dat de IUCN oant de 1980-er jierren suver in folsleine Westerske lieding hie. Tsjintwurdich is der krityk op 'e nauwe bannen fan 'e organisaasje mei de sakewrâld.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.