Koepelorganisaasje

In koepelorganisaasje, soms ek koartwei in koepel neamd, is in feriening of stifting dêr't in stikmannich belange-organisaasjes by oansletten binne. Koepelorganisaasjes tsjutte harrensels gauris oan mei de term "federaasje". Wichtige skaaimerken fan koepelorganisaasjes binne dat se de belangen fan harren lidorganisaasjes fertsjintwurdigje en dat se faak in ûnderhannelings- of oerlispartner fan 'e oerheid binne.

It kin foarkomme dat in lanlike koepelorganisaasje opboud is út ferskate provinsjale of oare regionale koepelorganisaasjes, dy't dan sels wer besteane út pleatslike ferienings. Sa is it bgl. mei de muzykkorpsen regele: de pleatslike muzykferienings yn Fryslân binne oansletten by de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân, dy't sels mei oare provinsjale koepels wer lid is fan 'e nasjonale Keninklike Nederlânske Muzyk Organisaasje.

Guon oare foarbylden fan koepelorganisaasjes binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.