Súdwesthoeke

De Súdwesthoeke is in streek yn it súdwesten fan de provinsje Fryslân. It gebiet falt likernôch gear mei de gemeenten Wymbritseradiel, Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân, Lemsterlân en Nijefurd en wurdt begrinzge troch de Iselmar yn it westen, Makkum yn it noarden en it Hearrenfean yn it easten.

De streek leit foar in part op de klaai, foar in part op geastgrûn. It aparte lânskip jout it in eigen karakter, wat in protte toeristen lûkt. De Súdwesthoeke is fierders sterk op Snits rjochte en hat in spoarferbining fan Starum nei Snits. Troch de streek rint de N359 dy't de Lemmer ferbinet mei Boalsert.

It Frysk dialekt fan de Súdwesthoeke, it Súdwesthoeksk of Súdhoeksk, wykt ôf fan de oare grutte dialekten trochdat it de nijere brekking net folge hat. Dit jout de lûden in oare klank as yn oare parten fan Fryslân.