Seeklaai is klaai dy't troch de see ôfset wurdt en meast oan de kust foar komt. Seeklaai is tige fruchber, oars as troch see ôfset sân.

Yn Nederlân wurdt seeklaai fûn yn Grinslân, Fryslân, Noard-Hollân, Súd-Hollân, Flevolân en op de Siuwske en Súd-Hollânske Eilannen. De âldste seeklaai is ôfset fan it Iere-Holoseen ôf, doe't de seespegel bot omheech gie. De kust yn west- en noard-Nederlâm bydel leine fan slinken trochbrutsen strânwâlen, mei dêrefter in ûndjippe lagune, dy't fergelike wurde kin mei de Waadsee fan distiid. Meidat de see sedimint oanfieren bleau, koe yn in tiidrek fan in bot stigende seespegel it waadmiljeu bestean bliuwe. Uteinlik waard sadwaande in tsjok pakket âlde seeklaai foarme.

Doe't de strânwâlen foar it grutste part tichtsliken koe der yn it efterlân in feanlaach groeie. Fan de iere Midsiuwen ôf waard it fean oanmakke en ôfgroeven, mei fan gefolgen dat de leger lizzende goaen oan de kust hieltyd gefoeliger foar de ynbrekkende see waarden. Fia slinken en prielen waard klaai op fean dellein, jonge seeklaai.
Faak binne de troch de see oerstreamde gebieten letter wer bepoldere.

Kwelders en bewenning

bewurkje seksje

De heger opslike plakken bleaune by floed faak drûch; op dy plakken ûntstie begroeing en ûntstienen kwelders, dy't letter troch minsken bewenne rekken. Bewenning fan de seeklaaigebieten yn Noard-Nederlân wie earst lytsskalich en faaks allinne yn de simmer. Fan de 7e iuw f.Kr. ôf wurdt de bewenning yntinsiver. Der wurde terpen yn de kwelders opsmiten, fral in Fryslân, Grinslân (wierden) en Noard-Dútslân (Warften); fan de 10e iuw nei Kristus ôf oan, waarden de earste seediken oanlein.

Eigenskippen

bewurkje seksje

Seeklaai hat meastal een blaugrize kleur, rivierklaai is brún. Seeklaai befettet safolle organyske stof net as rivierklaai, mar hat wol mear kalk, dat fan skulpdieren komt.

Seeklaai is bot fruchtber, dat it wurdt faak brûkt foar ikkerbou. Swiere seeklaai sa as knipklaai is net sa geskikt foar ikkerbou, en wurdt meast as greidlân brûkt. De knipklaai is in protte yn stienfabriken brûkt foar it meitsjen fan bakstien, dakpannen en gresbuizen. Soms jout seeklaai swierrichheden, sa as by ynklinking en fersâlting troch sterke ûntwettering as sypwetter.

At de seeklaai fermingd is mei sân, wurdt it gaadlike grûn foar blombolletylt. Dy grûn hjit geastgrûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (ned) Meulen, M. van der, Lang, F. de, Maljers, D., Dubelaar, W., Westerhoff, W., 2002. Grondstoffen en delfstoffen bij naam. Publicatiereeks grondstoffen 2002/21, Dienst Weg- en Waterbouwkunde, Delft & TNO-NITG, 96 pp. ISBN 90-369-5509-2. Grondsoorten en Delfstoffen bij naam