Hamburchkultuer
De Hamburchkultuer (13.000-10.000 f.Kr.) wie in prehistoaryske jager-samler kultuer, dy't neamd is nei de fynplakken yn de omjouwing fan Hamburch. Alfred Rust stjitte dêr yn jierren 20-30 fan de tweintichste iuw op ferskate plakken op de oanwêzigens fan dizze kultuer. It begryp "Hamburchkultuer" is betocht troch de yn 1933 yn Kiel wurkjende pre-histoarikus Gustav Schwantes.
De Hamburchkultuer kaam û.o. foar yn Nederlân en it noarden fan Dútslân en Poalen. De kultuer wie ûnderdiel fan in kloft let Paleolityske kultueren op de ein fan de iistiid. De jagers fan dizze kultuer brûkten noch de spear en spearwerper, wylst jagers fan de lettere Ahrensburchkultuer al pylk en bôge kenden, dy't neffens ynsichten fan distiid sa'n 11.000 jier lyn ûnwikkele waarden.
De natuer en it miljeu wienen noch oanpast oan de iistiid. De temperatueren soenen pas rize doe't de gletsjers begûnen te teien. Toendra's mei no in dan wat beammen kamen it meast foar, en dêr libben grutte kloften rindieren. De minsken wienen spesjalisearre yn jacht op dizze dieren. Utsein rindieren waard der ek jage op lyts wyld, fûgels en der waard fiske.
Karakterisearjend foar dizze kultuer wienen de kerfspitsen.
Fynplakken
bewurkje seksjeFynplakken fan jachtplakken mei in soad rindiereresten en ark binne yn Ahrensburger Tunneltal ten noarden fan Hamburch, Hasewich (Kr. Stormarn) en Poggenwich.