Sint-Odulfuskleaster

It Sint-Odulfuskleaster wie in kleaster by Starum.

It kleaster waard stifte troch de muonts Odulfus. Hy wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de ôffallige Friezen opnij te bekearen. Odulfus kaam fia de Fecht, de Flevomar en de Fly nei it drokke ferkearsknooppunt Starum. Oan de mûning fan de rivier, net fier fan it Fly, stifte hy yn 837 syn haadkertier om fan hjirút de Friezen werom te bringen ta it kristlik leauwe. It haadkertier is letter útgroeid ta it Odulfuskleaster, neamd nei syn stifter. Fierder is út de tiid fan foar it jier 1000 net folle bekend. Allinnich dat de Noarmannen yn 991 Starum plonderen en yn de brân stutsen. Starum moat doe ek al in wichtich plak west hawwe, want de Noarmannen kamen allinnich as der wat te heljen foel.

Yn 1345 spile it Odulfuskleaster in wichtige rol yn 'e ferneamde Slach by Warns. Letter is it kleaster fersonken ûnder it wetter fan 'e Sudersee.