De klokken fan Sint Odolf
De klokken fan Sint Odolf is in Fryske sêge opskreaun yn de Friesche sagen fan Theun de Vries.
It ferhaal
bewurkje seksjeBiskop Baldederik fan Utert sjocht in muonts fan it Odulfuskleaster by Starum yn syn studearsel. De muonts tutet de seame fan it biskoplik gewaad en fertelt dat er broer Egbertus is. De abt fan it kleaster is ferstoarn neidat de prior him de lêste sakraminten jûn hat en liet him by him komme. Egbertus hearde fan de abt dat hûndert jier dêrfoar it kleaster boud is, mar men fergeat de klokken fan 'e kapel te wijen. Hy is de sechsde abt dy 't dit geheim mei him meidraacht en wol dat Egbertus nei Utert giet sadat de klokken net yn hannen fan de Boaze falle. De biskop ferklearret dat de klokken foar de Duvel binne en bliuwe en der stekt in stoarm op en in wyn blaast troch de sel. De minsken besykje harren huzen te befeiligjen en de oare moarns hat de Boaze it kleaster fan Sint Odolf berikt.
De duvel nimt de ûnwijde klokken mei yn 'e loft en se slaan heal yn 'e ierde. Hy skuort se út de grûn en komt by de dyk tusken De Fluezen en de Moarre. Der wennet in jongere duvel mei in suster en in âlde heks dy 't tsjoenders útnûget foar in nachtfeest. Se fleane op biezemstâlen en dûnsje op it duvelske plak.
Satan komt by syn neef del en krijt in hoarn fol siedende oalje. De duvels slingerje de klokken oer de marren lykas keatsen spile wurdt en flearmûzen fladderje om har hinne. De jonge duvel tinkt der net om en de klokken falle yn de marren De Fluesen en de Moarre. De Boaze is lilk en syn neef flechtet mei de hekse, mar de klokken binne foar Satan ferlern gien. Biskop Balderik heart fan reizgjende
marsedragers dat it kleaster fan Sint Odolf yn de weagen ferswolge is. Elkenien is omkommen en de biskop hjit dat yn alle parochys sielemissen lêzen wurde, sadat de ferdommenis opheft wurdt. Ut de djipten fan De Fluesen en de Moarre heart men soms it lieden fan klokken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|