Anton Pieck
Anton Franciscus Pieck (De Helder, 19 april 1895 - Overveen, 24 novimber 1987) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener en grafikus. Pieck is de ûntwerper fan it yn 1952 iepene attraksjepark De Efteling yn Kaatsheuvel.
Anton Pieck | ||
keunstner | ||
Anton Pieck (1980) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anton Franciscus Pieck | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 april 1895 | |
berteplak | De Helder | |
stoarn | 24 novimber 1987 | |
stjerplak | Overveen | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, tekener, grafikus | |
bekendste wurk(en) |
De Efteling | |
jierren aktyf | 1906-1987 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeAnton Pieck wie in soan fan Henri Christiaan Pieck en Petronella Neijfs en twillingbroer fan skilder en yllustrator Henri Christiaan Pieck.
Hy troude yn 1922 mei Jo van Poelvoorde (stoarn yn 1983). Sy krigen trije bern, Elsa, Anneke en Max (stoarn yn 1986).
Pieck wie fan 1912 oant 1960 tekenlearaar yn De Haach en Overveen. De tekeningen dy't er makke binne faak mearkeëftich en nostalgysk fan karakter en tsjûgje fan in grutte fantasy en each foar detail. Syn yllustraasjes waarden tige populêr en komme noch gereldwei foar op bertekaartjes, ex libris en kalinders. As boekbânûntwerper hat er foar tal fan boeken fan in bân makke. Teffen shat er in soad etst.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeYn de Twadde Wrâldkriich wie Pieck aktyf yn it ferset. Hy brûkte syn grafysk talint om dokuminten en stimpels te ferfalskjen. Teffens fersoarge er de begraffenissen foar ferstoarne ûnderdûkers.[1]
Efteling
bewurkje seksjePieck is teffens de ûntwerper fan mearkepark De Efteling yn Kaatsheuvel, iepene yn 1952, dat útwaakst is ta ien fan wichtichste attraksjeparken yn Nederlân en ek yn it bûtenlân ferneamd is.
Autotron
bewurkje seksjeYn 1968 waard Anton Pieck frege om in gebou te ûntwerpen foar de samling old-timers fan de skipsskroevefabrikant Max Lips. It gebou waard 1972 yn Drunen iepene. It waard in yndrukmeitsjend gebou mei kantoren, in restaurant en ekspossysjeromtes. It Autotron waard letter yn Rosmalen festige doe't útwreiding mei in attraksjepark yn Drunen net mooglik wie. It gebou yn Drunen waard sparre en hat no ferkate oare fuksjes; de namme waard feroare yn De Voorste Venne.
Anton Pieck Museum
bewurkje seksjeSûnt 1984 hat it Gelderske Hattem it Anton Pieck Museum, Huis voor Anton Pieck hjit it.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|