Anton Pieck Museum

It Anton Pieck Museum yn de Gelderske stêd Hattem, oan de Noordwal, eksposearret wurk fan de Nederlânske keunstskilder en grafikus Anton Pieck. It museum waard yn 1984 iepene troch de keunstner en prinses Margriet. It museum jout in brede en ferdjipjende kyk yn it wurk en libben fan Anton Pieck. It museum lit sjen dat Anton Pieck njonken yllustrator in betûft grafysk keunstner wie.

Yngong. It Anton Pieckmuseum sit yn in oarspronklike stedsbuorkerij yn Hattem
De etsparse fan Pieck

It museum toant orizjinele skilderijen, etsen, litografyen en seefdrukken. Yn it sûterrain binne de orizjinele etsparse, dêr't Pieck sels al syn etsen op parse, en syn wurkhoeke te sjen.

Yn it sûterrain is it wurkplak fan Anton Pieck neimakke: syn stoel en de tekentafel dêr 't er jierrenlang oan tekene, mei alle orizjinele attributen dy 't - nei it ferstjerren fan Pieck op 24 novimber 1987 - oan it museum skonken binne.

Net alle wurken fan Pieck wurde tagelyk toand; de útstalde wurken wurde jierliks wiksele, mar wol sa, dat altyd foarbylden fan de ferskillende techniken dy't de keunstner hantearre te sjen binne.

In jier foar syn ferstjerren makke Pieck foar it museum in skilderij fan De Teut, in folkswyk yn Amersfoart dy't anno 1916 ôfbylde waard. [1]

Oant 1 jannewaris 2019 dielde it museum de yngong mei it Voerman Museum.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. An., Anton Pieck overleden, Nederlands Dagblad, 27 novimber 1987.
  2. De Stentor (18 desimber 2018), Anton Pieck Museum maakt stap naar de moderne tijd