Henri Pieck
Henri Christiaan (Han) Pieck (Den Helder, 19 april 1895 – De Haach, 12 jannewaris 1972) wie in Nederlânsk byldzjend keunstner, kommunist, spion en fersetsman. Hy wie de twillingbroer fan de bekende keunstner Anton Pieck en heit fan de meubelûntwerper en aventurier Han Pieck.
Libben en wurk
bewurkje seksjeDoe't er 14 wie helle Henri Pieck tagelyk mei syn broer Anton de legere akte tekenjen. Trije jier letter slaggen se foar de middelbere akte. Dêrnei die Henri Pieck in ferfolchoplieding oan de Amsterdamske Akademy foar Byldzjende Keunsten.
Lykas syn broer Anton Pieck makke hy ek grafysk wurk, dat troch saakkundigen heger oanslein waard as dat fan syn broer. Henri syn wurk is ek folle seldsumer. Earst net it ferstjerren fan Anton Pieck waard der publisearre oer it libben fan syn broer. Henri wie in tige sosjaal belutsen man en kommunist. Om 1930 hinne waard er lid fan de Kommunistyske Partij Nederlân. Foar de Twadde Wrâldoarloch wie Henri Pieck in geheim agint fan de Sowjet-Uny en de oarloch siet er yn it ferset. Hy hat in skoft fêstsitten yn û.o. konsintraasjekamp Buchenwald.
Nei de oarloch is Henri Pieck wiidweidich ûnderfrege troch it Buro Nasjonale Feilichheid oer syn kontakten mei de Sowjet-Uny en mei kommunisten yn de konsintraasjekampen.
Henri Pieck skildere en tekene net allinne, mar yllustrearre ek berneboeken en in stikmannich misdiedboeken fan Ivans en fan Jacques van Workum. Pieck wie ek boekbânûntwerper, binnenhûsarsjitekt en ûntwerper-ynrjochter fan tentoanstellingsgebouwen.
Publikaasjes oer Han Pieck
bewurkje seksje- Paul Arnoldussen en Hans Olink: Twee broers, drie levens. Henri en Anton Pieck. Amsterdam, Lubberhuizen, 2008. ISBN 9789059371002
- Igor Cornelissen: De GPOe op de Overtoom. Spionnen voor Moskou 1920-1940. Amsterdam, Van Gennep, 1989. ISBN 90-6012-813-3
- Elisabeth K. Poretsky: Our Own People. A Memoir of "Ignace Reiss" and His Friends. London, Oxford University Press, 1969. ISBN 0-19-211199-X.