Haadmenu iepenje

Jakob van Schevichaven (Snits, 20 juny 1866 - De Haach, 20 maaie 1935) wie de earste profesjonele Nederlânske detektiveskriuwer. Hy waard bekend ûnder it op syn inisjalen basearre pseudonym Ivans ('J-van-S' waard 'Ivans').

Jakob van Schevichaven
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Ivans
echte namme Jakob van Schevichaven
nasjonaliteit flagge fan Nederlân
berne 20 juny 1866
berteplak Snits
stoarn 20 maaie 1935
stjerplak De Haach
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Detektiveferhaal, roman, berneboek
jierren aktyf 1894-1935

Libben en wurkBewurkje

Van Schevichaven wie iennichst bern fan Samuel Reinier Johan van Schevichaven, dy't yn 1864 learaar oan de hbs yn Snits waard [1] en Martina Margaretha Paulina Maria Mellink. Yn novimber 1867 ferhuze de húshâlding nei Amsterdam, dêr't heit natuerkundelearaar waard oan it Barlaeus Gymnasium. Syn mem stoar yn 1879. Heit Van Schevichaven behearde in jier letter ta de oprjochters fan de Algemeene Maatschappij van Levensverzekering en Lijfrente, meast fersekeringsmaatskippij De Algemeene neamd.

Van Schevichaven soe by De Algemeene oan't wurk gean en gie dêrom nei de Iepenbiere Hannelsskoalle yn 1884 nei de Universiteit fan Amsterdam om rjochten te studearjen. Hy wie bestjoerslid fan het Amsterdamsch Studenten Corps. Begjin 1888 studearre er ôf en promovearre datselde jier noch op Wettelijk karakter van het contract van levensverzekering.

Hy wurke as direkteur by De Algemeene en debutearre as skriuwer yn 1894 mei it toanielstik Een Hongaarsch duel. Der folgen mear stikken. De ferdekeringsmaatschappij krige troch de Earste Wrâldoarloch en de Russyske Revolúsje grutte swierichheden en yn 1921 fallyt. Dêrnei waard Van Schevichaven syn skriuwerij fan leafhawwerij ta syn berop.

Doe't er fêstrûn mei it toanielstik De man uit Frankrijk, makke er der in roman fan mei yn de haadrol Geoffrey Gill (G.G.). Under it pseudonym 'Ivans' soe er 44 detektiveromans skriuwe. In apart gefal is Verborgen angels út 1930, dat him yn Suriname spilet. Van Schevichaven's ferhalen wiene fral foar de oarloch populêr yn Nederlân. In protte ferhalen út de earste rige (o/m 1922) waarden ek fertaald. Neist detektiveferhalen en toanielstikken skreau Van Schevichaven ek berneboeken, romans en koarte ferhalen, foar in part ûnder eigen namme en foar it oare part as 'Ivans'.

Tusken 1973 en 1980 joech Bruna 15 fan de ferhalen ynkoarte en bewurke fannijs út.

Hy stoar yn de âldens fan 68 jier yn De Haach en waard dêr beïerdige op begraafplak Oud Eik en Duinen. Syn dea sljochte it paad foar Hans van der Kallen ('Havank'), waans manuskripten oant doe faak ôfwiisd waarden.

Bibliografy (in kar)Bewurkje

Under eigen nammeBewurkje

  • Wettelijk karakter van het contract van levensverzekering (1888; proefskrift).
  • Een Hongaarsch duel (1894; toanielstik)
  • Van Leven en Sterven; het Verleden en Heden der Levensverzekering (1896)
  • Piet’s groote reis; een jongensboek (1920)
  • De toren van Beukenhorst; een boek voor jongens (1922)
  • Jan Brummel’s leertijd; een boek voor jongens (1923)
  • De lobbes (1924)

Under skûlnamme IvansBewurkje

  • De man uit Frankrijk (1917)
  • Het spook van Vöröshegy (1917)
  • De medeplichtigen (1918)
  • De man op den achtergrond (1918)
  • Het verloren spoor (1918)
  • Aan de rand van het bosch (1919)
  • Het spinneweb (1920)
  • De schaduw (1920)
  • De ijskoningin (1921)
  • De dubbelganger (1921)
  • De donkere poort (1922)
  • De eerste schreden (1922)
  • De gebroken brug (1923)
  • Het verloren kruis (1923)
  • De rode gravin (1924)
  • Jakhalzen (1924)
  • De vlammende pyramide (1925)
  • Het geheim van den koepel (1925)
  • Het bosch der gestorvenen (1925)
  • Onze groote onbekende (1925)
  • De boschgeest (1926)
  • Geheime dienst (1926)
  • De dwerg van Stockton Court (1927)
  • De dissonant (1927)
  • De roode haan (1927)
  • Als de tomahawk dreigt (1927)
  • Zijne excellentie (1928)
  • Het zwijgen van signora Giacomini (1928)
  • Het Brockenspook (1928)
  • De landlooper (1929)
  • Mystificaties (1929)
  • Het landhuis van mevrouw Kortland (1929)
  • Lichten op de kust (1930)
  • Het masker (1930)
  • Dubbel spel (1930)
  • Verborgen angels (1930)
  • Slinksche wegen (1931)
  • De heer van Dennenberg (1931)
  • Het haviksnest (1931)
  • De stad van de misdaad (1931)
  • Geesten uit het verleden (1932)
  • De waterval (1932)
  • Avonturiers (1932)
  • Een man zonder toekomst (1932)
  • Waldfriede (1933)
  • De andere (1933)
  • De onzichtbaren (1933)
  • De spookkamer van Cahernane Abbey (1934)
  • Woonwagens (1934)
  • De uitgestrekte hand (1934)
  • De gele auto (1935)
  • De vluchteling (1935)
  • De dame in het zwart (1935)
  • Mijn geheimzinnige bruid (1935)
  • Anoniem (1936)
  • De meisjes Ondry (1936)

Keppelings om utensBewurkje

LiteratuerBewurkje

  • Kees de Leeuw (i.g.m. Charlotte Sienema en Erna Kok): Een nuchtere romanticus : leven en werk van Ivans, mr. Jakob van Schevichaven, 1866-1935. Utj. Aspekt, Soesterberch, 2004. ISBN 90-5911-168-0

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. DBNL