In tekener is ien dy't (foar syn berop) tekenet. Dit kin in byldzjend keunstner, in yllustrator, in technysk tekener of in kartograaf wêze.

In tekener oan 't wurk yn syn atelier

Yn de byldzjende keunst is tekenjen de oanset fan hast alle uterings. Faak wurdt yn gefal fan grafyske keunst, skilderijen en romtlik wurk earst in skets makke. Dy sketsen hawwe somstiids sels in beskate artistike wearde.

Der binne ek keunstners dy't har' folslein talein hawwe op it meitsjen fan tekeningen. It wurk fan sokken wurdt faak 'autonome tekeningen' neamd.

Stripferhalen en cartoons wurde ek tekene.

Materiaal en technyk

bewurkje seksje

De drager (ûndergrûn) fan in tekening is meast papier of tekenkarton. Der kin tekene wurde mei ferskaat oan materialen lykas poatlead, inket, kryt, houtskoal of sels in balpin. At yn stee fan in pin in pinsiel brûkt wurdt, kin sprutsen wurde fan in 'pinsieltekening'.

 
In balpentekening

Ferneamde Jeropeeske tekeners

bewurkje seksje