Alet Schouten
Alet Schouten (Westkapelle, 1 septimber 1917 – Heemstede, 23 jannewaris 1995) wie in Nederlânske skriuwster fan benammen berneboeken.
Schouten folge in tekenoplieding oan de Kunstnijverheidsschool Quellinus yn Amsterdam. Se ûntduts dat se har tekeningen makliker publisearre krige as der in ferhaal by siet. Nei har debút yn it tydskrift Taptoe wûn se mei itselde ferhaal, Het teken van Wichart, in priisfraach foar auteurs dy 't noch net yn boekfoarm publisearre hiene.
Schouten hie in soad niget oan skiednis, archeology, myten en sêgen. In grut tal fan har ferhalen spilje dêrom yn it ferline. Se hie in foarkar foar ferhalen yn Europa oant it jier 1000 (boeken as: De zeeridder en Het vege kolkje), mar ek de 17e en de 19e iuw. Har gefoelichheid foar tekens út de natuer docht bliken út de boeken dy 't yn de takomst spylje (lykas Het Varenwoud). Sterk autobiografysk binne de ferhalen oer Yndonezië, dêr 't se in grut part fan har jonkheid trochbrocht (lykas Zoete meisjes en een tijger). Katteferhalen (lykas Het huis van Roos en Lap) nimme yn har oeuvre in apart plak yn.
Bibliografy
bewurkje seksje- 1969 - Het teken van Wichart
- 1970 - De mare van de witte toren (Gouden Griffel)
- 1970 - De zeeridder
- 1971 - De wateren van Finn
- 1971 - De zomer van de staartstar
- 1972 - In de greep van de citroenzucht
- 1973 - De stederedders
- 1974 - Iolo komt niet spelen (Gouden Griffel)
- 1975 - De tinnen huzaar
- 1975 - Huon en de ganzenjonkvrouw
- 1976 - Het vege kolkje
- 1977 - Kantjil, dwerghert bij het Tobameer
- 1978 - Het huis van Roos en Lap (Sulveren Griffel)
- 1978 - Het Varenwoud
- 1979 - De hertesprong
- 1979 - De wilg aan het begin van de wereld
- 1980 - Het erf van Roos en Lap
- 1980 - Het pad van de Wildeman
- 1981 - De vier wezen
- 1982 - De vrouw met de hondekar
- 1982 - Van Hector die een kater was
- 1983 - Gina
- 1984 - De molen en de Boeseknor
- 1984 - Tonkie in de wildernis
- 1986 - Rokus en het tiende leven
- 1986 - Zoete meisjes en een tijger
- 1987 - De kikkerbruid
- 1988 - De komst van de Katteturk
- 1989 - Jan Teerkoper
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |