Taptoe (tydskrift)

Taptoe wie in Nederlânsk tydskrift foar bern fan 8 oant 12 jier. It waard útjûn troch Malmberg en ferskynde fan 1953 oant 2016. Taptoe waar in soad troch skoallen distribuearre en hat as doel om bern wat by te bringen. Dêrbei waard gebrûk makke fan ferhalen en tekenteltsjes, meast kleuryk foarmjûn. De Taptoe sluet oan op de Jippo, dy't foar bern út groep 4 en 5 ornearre is.

Fan oarsprong wie Taptoe in katolyk blêd; it rjochte him op it fraachlearen. It blêd wie de opfolger fan Roomske jeugd, dat fan 1946 ferskynde en sels in foartsetting wie fan It wykbledsje foar de roomske jeugd, dat fan 1916 oant 1941 ferskynde.

Oant 1985 kaam Taptoe wykliks út, dêrnei twawykliks.

Keppeling om utens

bewurkje seksje