Tsjongerkultuer
De Tsjongerkultuer, ek wol de Federmesserkultuer neamd, is in argeologyske kultuer út it Jong-Paleolitikum. De Tsjongerkultuer bestie yn it tiidrek fan 11.800 - 9300 jier tebek. Dat wie de tiid fan it Allerød-ynterstadiaal, in perioade wêryn it waarmer waard en de toendralânskippen feroaren yn bjirke- en dinnebosken. De kultuer folge op dy fan de rindierjagers fan de Hamburchkultuer. Yn de noardlike kriten fan Jeropa bestie yn itselde tiidrek de Brommekultuer. De Tsjongerkultuer waard wer opfolge troch de Ahrensburchkultuer, dy't we fine yn it tiidrek nei it ynterstadiaal, doe it wer wat kâlder waard en de lêste faze fan de iistiid (it Weichseljen) yngong.
Skaaimerken
bewurkje seksjeDe Tsjongerkultuer wurdt skaaimerke troch ynfloeden fan de Asilien, in kultuer dy't bestie yn it hjoeddeiske Frankryk. It wie in kultuer fan jagers, dy't in fariearder wyldoanbod hienen as harren foargongers en opfolgers. De jagers fan de Tsjongerkultuer koenen bygelyks op reaharten, reeën en deimen jeie.
Opfallend oan de kultuer binne de fynsten fan beskate fjoerstiennen limsen, skrabers, spitsen en stekkers.
Fynsten
bewurkje seksjeDe kultuer hat har namme te tankjen oan de earste fynsten dy't yn it dal fan de Tsjonger dien waarden. De namme Tsjongerkultuer is betocht troch Hendrik Jan Popping. Letter waarden ek fynsten dien by Eastermar, Donkerbroek en Makkingea. De hannelsreizger en amateurarcheolooch Pieter Horjus die tusken 1925 en 1942 fynsten fan de Tsjongerkultuer op De Kjellingen by Eastermar. In part fan de fynsten waarden yn 1954 troch de Dútske archeolooch Hermann Schwabedissen, yn gearwurking mei de Nederlânske archeolooch Assien Bohmers, publisearre. Bohmers, dy't inkele fynsten krigen hie fan Horjus, hie yn 1947 ek al ris wat fan de fynsten publisearre.
Yn 1961 en 1963 binne inkele fynsten oerdroegen oan it Frysk Museum. Yn de rin fan de tiid binne tal fan de fynsten fan Horjus weirekke. De Stientiidwurkgroep Fryslân hâldt him hjir mei dwaande, sa waarden der yn 1998 wer inkele stientsjes werom fûn.
Hjoed de dei binne de fynsten te besjen yn it Streekmuseum / Folksstjerrewacht yn Burgum.