De Kjellingen
De Kjellingen foarmje in opfallende sânkop yn it eardere feangebiet by Eastermar.
De hichte is omstrings twa meter en leit op de grins fan de eardere delte fan in streamke, dat de Burgumer Mar ferbûn mei De Leien. Fuortby de Kjellingen hat de Amerikaanske archeolooch Ray Newell yn de jierren santich fan de 20e iuw ûndersyk dien nei in grutte delsetting uit de Mid-Stientiid.
Tusken 1925 en 1942 ûntduts Pieter Horjus, winkelman en amateur-archeolooch út Eastermar, op de Kjellingen in kolleksje gebrûksfoarwerpen út de Lette Stientiid, ôfkomstich út de Tsjongerkultuer (om 10.000 foar Kristus hinne). It gie om Tsjongerspitsen, koarte, massive skrabbers, stekkers en saneamde klingskrabbers. De earder oanwêzige toendra wie doe al feroare yn in lânskip fan bjirke- en dinnebosken. Dat de jagers fan de Tsjongerkultuer hienen net allinnich rindieren om op te jeien (sa as harren foargongers út de Hamburchkultuer) mar koenen ek jacht meitsje op wyld dat yn de bosken libbe. De artefakten út de kolleksje Horjus meitsje diel út fan in gruttere samling, oanwêzich yn it Streekmuseum / Folksstjerrewacht Burgum.
Namme
bewurkje seksjeIn ferklearring fan de namme Kjellingen is net foarhannen. De namme komt fan 1700 ôf yn de floreenkohieren foar, skreaun as ‘Kellingen’. De útgong -ingen jout in meartalsfoarm oan. Oer de betsjutting fan it wurd ‘Kjel(l)’ kin allinnich spekulearre wurde. Leit der in relaasje mei it wurd 'kjeld' = Hollânsk koud? Mei it wurd 'keal' = Hollânsk kalf? (ferlykje in wurd as ‘de Keallekamp’, útsprutsen as ‘de Kjellekamp’). Waarden der doe oer ’t generaal allinnich keallen weide? Of mei keal = Hollânsk kaal? Dan soe it gean oer in kompleks lannen dêr’t de begroeiing gruttendiels weiwurden wie.
It falt op dat it wurd Kjellingen ek yn Skandinaavje foarkomt. Sa is it de namme fan in muzykgroep en fan in radiostasjon yn Sweden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|