It Observeum (earder Streekmuseum Folksstjerrewacht Burgum) is in edukatyf museum oan de Menno van Coehoornwei yn Burgum. It museum is yn 1989-1990 by de Folkstjerrewacht boud. It hat ûnder mear in samling swerfstienen fan L.B. Bos, dy't haad fan de iepenbiere skoalle fan Noardburgum west hat ("stientsje Bos"). Ek in tentoanstelling op it mêd fan fotografy, ynrjochte troch Douwe Franke (earder haad fan de iepenbiere skoalle Earnewâld)[1] en in archeologyske samling fan in tal amateur-archeologen, sa as Pieter Horjus en Pieter Mudstra. Eksposysjes binne ek wijd oan geology, Burgumer sulver,[2] streekskiednis, Hendrik Bulthuis, de Burgumer kapper dy't de BM-er ûntwurp.

Yngong en teleskoopkoepel
Folkststjerrewacht Fryslân

By it streekmuseum stiet yn in koepel fan beton in kiker opsteld, dy't 360 graden draaie kin om de stjerrehimel besjen te kinnen. De flier is op driuwend sân boud om trillingen fan bûtenôf tsjin te gean. Om dy reden is it gebou ek fan binnen kuolle en stiet de kiker los fan it gehiel. By helder waar kinne besikers troch de Miedema-teleskoop sels de romte tichterby helje. Alle wiken binne hjir publyksjûnen. Eksposysjes binne der fan stjerrekunde en romtefeart.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Soan fan Jacob Franke, de earste beropsfotograaf fan Burgum
  2. Tusken 1837 en 1962 hawwe acht sulversmeden yn Burgum oan it wurk west. Sy makken meast gebrûkssuver en earizers by it Frysk kostúm.