Romtefeart is it totaal fan alle minsklike aktiviteit bûten de dampkring fan de Ierde.

In fuotprint op de moanne
Spûtnik 1

Ferhalen oer minsken dy't de ierde ferlitte, en mei namme nei de Moanne reizgje, binne al hiel âld. Net it âldste, mar faaks it ferneamdste ferhaal is Reis nei de Moanne fan Jules Verne, dêr't er presys yn seit hoe't in romtefartúch troch in kanon ôfsketten brûkt wurde kin foar in tocht nei de moanne.

Op 3 oktober 1942 waard in A4-raket, as earste ding makke troch de minske, de romte yn sketten, wylst as earste skepsels op 9 july 1946 fruitmiggen en maissied yn Amearika yn in V-2 de romte yn sketten waarden.

De keunstmoanne Spûtnik 1 út de Sowjetuny wie op 4 oktober 1957 it earste ding dat troch de minske yn in baan om de ierde brocht waard. Yn Spûtnik 2 kaam it hûntsje Laika 3 novimber 1957 as earste skepsel yn in baan om de ierde. Op 12 april 1961 wie Joeri Gagarin de earste minske yn de romte.

Nei dy flechten om de ierde kamen de tochten nei de Moanne. Op 14 septimber 1959 berikte de Luna 2 út de Sovjetuny as earste de Moanne. Mar earst op 21 july 1969 sette de Amearikaan Neil Armstrong as earste minske foet op de Moanne.

Nei dy ûntwikkelings kaam de klam mear te lizzen op oan de iene kant romteferkenners, ûnbemanne raketten dy't nei oare planeten stjoerd wurde en foto's en oare ynformaasje weromstjoere nei de Ierde, en oan de oare kant romtefearen, werbrûkbere romteskippen dy't brûkt wurde foar eksperiminten bûten de dampkring en foar ûnderhâld oan keunstmoannen.