Romtefear
In romtefear of romtefleantúch is in werbrûkber romtefartúch dat behalven yn it fakuum fan 'e romte ek út 'e fuotten kin yn 'e atmosfear fan 'e Ierde, en dat lânje kin sa't in fleanmasine dat docht. Om dat foarinoar te krijen, moatte romtefearen eleminten fan sawol romtefartugen as fleanmasinen hawwe. Sa'n ferfiermiddel wurdt ek wol in spaceshuttle neamd, hoewol't de spaceshuttle eins in spesifyk (Amerikaansk) type romtefear is. Orbitale romtefearen, dy't persoanen en materieel ferfiere fan 'e Ierde nei in baan om 'e Ierde en wer werom, sjogge der oer it generaal mear út as romtefartugen, wylst suborbitale romtefearen, dy't de romte oantippe, mar net heech genôch geane om in baan om 'e Ierde te berikken, yn 'e regel mear op fleantugen lykje. By romtefearen fan dat lêste type kin men sadwaande ek sprekke fan in romtefleantúch of romtefleanmasine.
- Net te betiizjen mei romtefeart.
Orbitale romtefearen
bewurkje seksjeOant no (2022) ta hawwe alle orbitale romtefearen gebrûk makke fan in draachraket om oan 'e swiertekrêft fan 'e Ierde te ûntkommen en in baan om 'e Ierde te berikken. Op 'e weromweis funksjonearje se dan as sweeffleanmasines sûnder eigen oandriuwing. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA boude yn 1981 yn it ramt fan it Spaceshuttleprogramma it earste (orbitale) romtefear. Yn totaal hie de NASA trije testspaceshuttles en fiif spaceshuttles, wêrfan't twa ferûngelokken. It Spaceshuttleprogramma waard yn 2011 beëinige.
Fierders hat de Amerikaanske Romtemacht, in tûke fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, twa ûnbemanne orbitale romtefearen. De Sovjet-Uny boude ien orbitaal romtefear, de Boeran, mar dat makke mar ien ûnbemanne testflecht, wêrnei't it programma ôflast waard. De bou fan in twadde romtefear, de Ptitsjka, waard nea foltôge. De Folksrepublyk Sina fierde op 4 septimber 2020 in earste testflecht mei in eigen orbitaal romtefear út, de Kě Chóngfù Shǐyòng Shìyàn Hángtiān Qì, wat "Werbrûkber Eksperiminteel Romtefartúch" betsjut. Ferskate oare orbitale romtefearen binne yn ûntwikkeling, wêrûnder de Amerikaanske Dream Chaser, de Sineeske Shénlóng, de Space Rider fan 'e Jeropeeske romtefeartorganisaasje ESA en it Yndiaaske "Werbrûkber Lansearfehikel".
List
bewurkje seksje- Feriene Steaten
- NASA (Spaceshuttleprogramma)
- Atlantis (út tsjinst op 21 july 2011)
- Challenger (ferûngelokke op 28 jannewaris 1986)
- Columbia (ferûngelokke op 1 febrewaris 2003)
- Discovery (út tsjinst op 9 maart 2011)
- Endeavour (út tsjinst op 1 juny 2011)
- Enterprise ( testspaceshuttle, nea yn 'e romte west)
- Independence (oarspronklike namme: Explorer; testspaceshuttle, nea yn 'e romte west)
- Pathfinder (testspaceshuttle, nea yn 'e romte west)
- Amerikaanske Romtemacht
- Boeing X-37B (2 stiks, ûnbemanne)
- kommersjeel
- Dream Chaser (yn ûntwikkeling)
- NASA (Spaceshuttleprogramma)
- Sovjet-Uny
- Jeropeeske Uny
- ESA
- Hermes (ûntwurpen mar nea boud)
- Space Rider (yn ûntwikkeling)
- ESA
- Folksrepublyk Sina
- CNSA
- Werbrûkber Eksperiminteel Romtefartúch (earste flecht op 4 septimber 2020)
- CNSA
- Yndia
- ISRO
- Werbrûkber Lansearfehikel (yn ûntwikkeling)
- ISRO
Suborbitale romtefearen
bewurkje seksjeYn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren ûntjoech him foar it earst kommersjele romtefeart, wêrby't ek suborbitale romtefearen foar it earst rindabel waarden om te ûntwikkeljen, mei't der lju binne dy't grou jild betelje wolle om in suborbitale flecht mei te meitsjen. De earste súksesfolle suborbitale flecht fan in romtefear fûn plak op 21 juny 2004 en waard útfierd troch de SpaceShipOne fan Scaled Composites. Dat bedriuw smiet neitiid de lapen gear mei Virgin Galactic fan miljardêr sir Richard Branson om as iennichsten troch te gean mei suborbitale romtefeartechnology en de SpaceShipTwo te ûntwikkeljen, dy't yn 2009 presintearre waard. It SpaceShipTwo VSS Unity gie op 13 desimber 2018 mei súkses oer de grins fan wêr't de romte neffens Amerikaanske (yn tsjinstelling ta ynternasjonale) definysjes begjint. Op 11 july 2021 lei de VSS Unity de earste súksesfolle bemanne flecht ôf mei Branson oan board. Earder dat jier waard in nij prototype presintearre, de SpaceShipThree.
List
bewurkje seksje- Feriene Steaten
- Scaled Composites
- Virgin Galactic
- SpaceShipTwo
- VSS Enterprise (ferûngelokke yn 2014)
- VSS Unity
- SpaceShipThree
- SpaceShipTwo
- XCOR Aerospace
- Lynx (ûntwikkeling stopset)
- Dawn Aerospace
- Aurora Mk II (earste testflecht yn 2021)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|