Noardburgum

Noardburgum (by âldere minsken ek bekend as Burgerheide) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Noardburgum
Untginningspleats Groot Veldlust
Untginningspleats Groot Veldlust
Emblemen
Flagge fan Noardburgum.gif               Noardburgum wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 2.389 (2022) [1]
Oerflak 10,49 km²
wêrfan lân: 10,18 km²
wetter: 0,31 km²
Befolkingsticht. 234 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 13' N 6° 00' E
Offisjele webside
Side Noardburgum
Kaart
Noardburgum (Fryslân)
Noardburgum

Lykas de namme al oanjout leit Noardburgum benoarden Burgum, eastlik fan Hurdegaryp tusken Ljouwert en Grins oan de N355 .

In diel fan de buorskippen Kûkherne en Quatrebras falle ûnder Noardburgum.

SkiednisBewurkje

Noardburgum is yn de 19e iuw ûntstien tusken de Burgumer Heide en Haersma's Bosk. It wie part fan it doarp Burgum, oant it yn 1930 in selsstannich doarp waard.

Yn de jierren 1990 is it tal ynwenners bot tanaam en sûnt heart Noardburgum ta de gruttere plakken fan Tytsjerksteradiel.

MienskipBewurkje

 
Doarpshûs en pjutteboartersplak

Der is in feriening foar Doarpsbelang, dy't gearkomt yn it doarpshûs De Balstien oan de Van Cronenburgwei, dêr ek it pjutteboartersplak 'Krobbenêst' ûnderbrocht is. De stifting Feestkommisje '50 soarget foar festiviteiten. Tsien kear yn 't jier ferskynt doarpskrante "Heidepraat". Nij Toutenburch is it fersoargingshûs oan de Simmerwei.

SkoalleBewurkje

It kristlik basiskoalle Immanuel en iepenbier basisskoalle De Oerstek binne sûnt agustus 2019 tegearre gien. Sûnt is der ien basisskoalle yn Noardburgum.

  • De Klimstien

TsjerkenBewurkje

 
PKN-tsjerke

It doarp hat trije tsjerken.

FerieningsBewurkje

  • Fûgelwacht Noardburgum
  • FF Noardburgum - fuotbal
  • Eensgezindheid Noardburgum - iisclub
  • BF Noardburgum - basketbal
  • NEO - skaken
  • De Twirre - skouting
 
Byld fan Marijke
(David van Kampen, 1976)

BerneBewurkje

  • Abe Brouwer (1901-1985); skriuwer. It nei him neamde Abe Brouwerpaad waard troch himsels mei syn bruorren oanlein.
  • Nyk de Vries (1971-); skriuwer en muzikant

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Noardburgum.

Iepenbier ferfierBewurkje

Publikaasje(s)Bewurkje

  • Koonstra e.A. "Noordbergum in woord en beeld" (1985)

OfbyldenBewurkje

MuseumBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Tytsjerksteradiel
 
Haadplak: Burgum
Doarpen en útbuorrens: AldtsjerkEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part) • GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part) • Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein