Feanwâldsterwâl

Feanwâldsterwâl (pleatslik ek: De Wâl) is in doarp dat yn de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel leit. Yn 2020 hie Feanwâldsterwâl 420 ynwenners. De doarpskearn fan Feanwâldsterwâl leit om De Wâl en De Streek.

Feanwâldsterwâl
Pleats oan 'e Wâl
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Dantumadiel
Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 420 (2020) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 13' N 5° 58' E
Webside Webstee Feanwâldsterwâl (argyf)

Sûnt 2011 is Feanwâldsterwâl in selsstannich doarp. Feanwâldsterwâl hat gjin eigen postkoade dus heart it noch hieltyd by Feanwâlden en Hurdegaryp.

Sûnt 1 jannewaris 2011 is it diel fan it plak dat yn de gemeente Dantumadiel leit offisjeel in doarp. Sûnt 14 july 2011 jildt dat ek foar it part yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Foar dy tiid foel it Dantumadielster diel offisjeel ûnder Feanwâlden en it Tytsjerksteradielster diel ûnder Hurdegaryp. Salang't Feanwâldsterwâl net troch weryndieling yn ien gemeente komt te lizzen, is it tal adressen oan beide kanten lytser as de hûndert dy't nedich binne foar in eigen postkoade. Feanwâldsterwâl leit fan Feanwâlden út besjoen oer it spoar yn súdwestlike rjochting.

It doarpke wie eartiids in feankoloanje, mooglik fan menisten út Giteren. Dat soe ferklearje wêrom't der oant 1865 net allinnich in lytse minnistetsjerke wie, mar ek de sfear wat tinken die oan Giteren. Der wiene in soad brêgen en brechjes foar de huzen, dy't de ienige ferbining mei de dyk wienen.

Yn jierren 1970 wie der yn Feanwâldsterwâl in ljeppersplak fan it FLB.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  Dantumadiel  
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
  ·   ·  
  Tytsjerksteradiel  
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
  ·   ·