It Heechsân (offisjeel Frysk) is in buorskip by Eastermar yn Tytsjerksteradiel. It leit noardeast fan it doarp, fuort east fan de wei nei Skûlenboarch.

Alde kaart fan It Heechsân
De griene toer fan It Heechsân

It Heechsân is de oarspronklike doarpskearn, dy't op it sân fan in morene leit, trije meter heger as de Burgumer Mar. Dêr stiet ek noch de tsjerketoer, út de 14e iuw. Troch de feanterij by it Wytfean waard de buorskip De Wâl, oan De Lits, hieltyd fan mear belang, oant dy de buorren fan it doarp foarme.

Op in kaart út 1605 is dúdlik te sjen dat it hjoeddeiske Heechsân doe Eastermar hiet. Om betizing mei Hegesân foar te kommen wurdt no ek wol Heechsân-Eastermar sein.

Neidat de feanterij dien wie hat de âlde kearn op It Heechsân him net fierder ûntjûn. Dêrtoch lizze de buorren no yn Eastermar en stiet de oarspronklike tsjerke op It Heechsân.

  De Wikipedy hat ek in side Alde Tsjerke (It Heechsân).

De toer stiet los op it tsjerkhôf en is hielendal begroeid mei klimmerblêd. Op de tekening fan Jacobus Stellingwerff út 1772 is te sjen dat de toer doe ek al fan boppe ta ûnder begroeid wie. Yn 1835 is it klokhûs njonken de tsjerke ôfbrutsen, yn 1868 de tsjerke. De nije tsjerke is in pear hûndert meter fierder boud. De beide klokken binne omgetten ta ien grutte. By it ophingjen yn de toer binne galmgatten makke. De toer is yn 1891 gâns fernijd. Om de toer leit it tsjerkhôf en op it jitizeren stek stiet de tekst Gedenk te sterven, de Nederlânske oersetting fan Memento Mori. Op it stek stiet in soad symbolyk: in sânglês mei wjukken, in slange dy't himsels yn de sturt byt en in deadskop mei twa seinen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Autentike wâldpleats út de 19e iuw: Skûlenboargerwei 5.
  • Buorkerij "Ald Stedma", mei it "Lytshûs" en fraaie klokgevel: Boerestreek 6.
  • Buorkerij mei bysûndere topgevel: Seadwei 6.
  • Markante 'griene' toer, in toerwiddo, út likernôch 1300 op it tsjerkhôf: Torenlaan 11.
  Tytsjerksteradiel  
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
  ·   ·