Alde Tsjerke (It Heechsân)
De Alde Tsjerke fan It Heechsân ûnder Eastermar wie in tsjerkegebou, dat yn 1868 op 'e toer nei sloopt waard.
Alde Tsjerke (It Heechsân) | ||
De tsjerke mei klokhûs (Jacobus Stellingwerff, 1721) | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | It Heechsân | |
adres | Toerloane 11 | |
koördinaten | 53° 11' N 6° 04' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | ûnbekend | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw? | |
sloopjier | 1868 (skip) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35666 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik lei it plak Eastermar noardlik fan it hjoeddeiske plak op It Heechsân. Fanwegen it ferfeantsjen is Eastermar yn 'e rin fan 'e tiid nei it suden opskood, nei de igge fan de Lits. De âlde midsiuwske tsjerke fan Eastermar stie yn 'e oarspronklike delsetting It Heechsân.
De âlde tsjerke waard fanwegen brekfalligens yn 1868 ôfbrutsen, it klokhûs al yn 1835. De toer bleau lykwols sparre. De toer stiet op it begraafplak en tsjin de toer waard, nei it ôfbrekken fan de âlde tsjerke, in opbierromte anneks deahúske boud. Yn 1997 waard de toer restaurearre, wêrby't de karakteristike klimmer behâlden bleau. Sûnt de restauraasje hat de toer wer in liedklok. De âlde klok wie yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers foardere. De tsjerketoer is erkend as ryksmonumint.
Op in print út 1721 binne tsjerke en toer troch Jacobus Stellingwerff ôfbylde.
De nije Herfoarme tsjerke waard ek boud op It Heechsân, sa 'n 400 meter súdliker oan 'e Toerloane. Ek dy yn eklektyske styl boude tsjerke is in ryksmonumint, tegearre mei it njonkenlizzende ferieningsgebou en de pastorij der tsjinoer.