Tytsjerksteradiel
Tytsjerksteradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Tietjerksteradeel) is in Wâld-gemeente yn Fryslân east fan Ljouwert. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 32.626 ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 161,41 km², wêrfan 12 km² wetter. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
Tytsjerksteradiel | |
---|---|
![]() It Alvestêdemonumint op 'e Kanterlânsbrêge oer De Moark. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() Wapen fan Tytsjerksteradiel |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
boargemaster | Tineke Schokker (waarnimmend)[1] |
sifers en geografy | |
haadplak | Burgum |
grutste plak | Burgum |
ynwennertal | 32.626 (1 jannewaris 2024) [2] |
befolkingstichtens | 216 / km² |
oerflak | 161,41 km² |
● wêrfan lân | 149,44 km² |
● wêrfan wetter | 11,97 km² |
tal doarpen | 17 |
ferkearsieren | N355, N361 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | ![]() |
oar | |
netnûmer | 058, 0511 |
postkoade | 9061–9265 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.tytsjerksteradiel.nl |
By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 moast Tytsjerksteradiel ûnfrijwillich it rekreaasjegebiet De Griene Stjer ôfstean oan Ljouwert en it noardeastlike part fan De Alde Feanen oan Boarnsterhim.[3]
Plakken
bewurkje seksjeDe gemeente telt 17 wenplakken. It haadplak is fan de gemeente Tytsjerksteradiel is Burgum. Sûnt 1989 binne de plaknammen offisjeel Frysktalich.
Doarpen
bewurkje seksjeDe folgjende plakken lizze yn de gemeente Tytsjerksteradiel:
Plaknamme | Oantal ynwenners |
---|---|
Aldtsjerk | 695 |
Burgum | 10.095 |
Earnewâld | 395 |
Eastermar | 1.580 |
Feanwâldsterwâl | - |
Garyp | 1.880 |
Gytsjerk | 2.280 |
Hurdegaryp | 5.095 |
Jistrum | 935 |
Mûnein | 725 |
Noardburgum | 2.387 |
Oentsjerk | 2.060 |
Ryptsjerk | 765 |
Sumar | 1.365 |
Suwâld | 635 |
Tytsjerk | 1.610 |
Wyns | 260 |
De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/. It oantal ynwenners fan Feanwâldsterwâl is net krekt bekend omdat Feanwâldsterwâl gjin eigen postkoade hat, en it doarp is ferdield oer de gemeenten Tytsjerksteradiel en Dantumadiel.
Buorkskippen
bewurkje seksjeDe folgjende buorskippen lizze yn de gemeente Tytsjerksteradiel: Alde Miede, Altenburch, Bartlehiem (diels), De Joere, Gaastmabuorren, Gytsjerksterhoeke, De Hallingen, De Harste, It Heechsân, De Iest, Iniaheide, Kûkherne (diels), Lânsbuorren, De Lytse Geast, De Mearen, Nijstêd, Noardermar, Quatrebras, Sânhuzen, Sigerswâld, Skûlenboarch, Snakkerbuorren, Sumarreheide, Swarteweisein en It Wytfean.
Mar
bewurkje seksjeOp 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder, De Leien.
Wapens en flaggen
bewurkje seksjeWapens
bewurkje seksjeFlaggen
bewurkje seksjePolityk
bewurkje seksjeFerdieling gemeenteried
bewurkje seksjeDe gemeenteried fan Tytsjerksteradiel bestiet út 23 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
partij | ferkiezings 2018[4] | ferkiezings 2022[5] | ||
---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | |
CDA | 23,6 | 6 | 18,6 | 5 |
FNP | 18,9 | 5 | 20,0 | 5 |
GrienLinks | 15,0 | 3 | 9,4 | 2 |
VVD | 13,9 | 3 | 10,4 | 2 |
PvdA | 11,6 | 3 | 12,1 | 3 |
KristenUny | 10,8 | 2 | 8,9 | 2 |
D66 | 6,8 | 1 | 5,9 | 1 |
BVNL | 0 | 0 | 14,7 | 3 |
ûnjildich & blanko | 0,3 | 0,1 | ||
opkomst/totaal sitten | 60,4% | 23 | 59% | 23 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |