Kanterlânsbrêge

De Kanterlânsbrêge is in brêge likernôch in kilometer west fan Gytsjerksterhoeke en Gytsjerk, op de grins fan Tytsjerksteradiel en Ljouwert. By de brêge giet de Kanterlânske Wei oer De Moark, krekt benoarden fan de oanslúting fan De Moark op it Alddeel en it Miedumer Djip.

Alvestêdentocht-tegeltsjebrêge oer de Moark

Op dizze brêge binne tûzenen ôfbylden fan alvestêderiders ferwurke yn it 'It sil heve alvestêdenmonumint'. Alle tegeltsjes op de "tegeltsjebrêge" meiïnoar, foarmje in mozayk fan in groep foarbygeande hurdriders.