Bartlehiem
Bartlehiem is in buorskip tusken Wânswert yn Noardeast-Fryslân en Aldtsjerk yn Tytsjerksteradiel, op de krúsing fan ’e Dokkumer Ie, de Feinsumer Feart en de Aldtsjerkster Feart. It leit foar in grutste part yn Tytsjerksteradiel, mar foar in part ek yn de gemeenten Ljouwert en Noardeast-Fryslân. Der wenje sawat 70 minsken (2006).


Namme Bewurkje
De namme "Bartlehiem" is in ferbastering fan "Bethlehem", nei it eardere kleaster mei dy namme, wat in heale kilometer fierder nei it easten stie.
Alvestêdetocht Bewurkje
De buorskip - en mei him de lytse brêge oer de Feinsumer Feart - is wrâldferneamd troch de Alvestêdetocht. Op harren tocht komme de reedriders twa kear troch Bartlehiem: de earste kear fan Frjentsjer ôf op wei nei Dokkum ta, en dan de twadde kear fan Dokkum út nei Ljouwert. Dat makket Bartlehiem it iennichste plak dêr't by de Alvestêdetocht yn trije rjochtingen reedriders sichtber binne.
Oar Bewurkje
It molkfabryk út 1893 is yn 2010 ferboud ta in lytsskalige wenfoarm foar deminten.
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |
Haadplak: Burgum | |
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | |
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein |