Hegebeintum
Hegebeintum is in terpdoarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân, mar lei foar 2019 yn de gemeente Ferwerderadiel. Mei likernôch 90 (1 jannewaris 2014) ynwenners is it in lyts doarp. Hegebeintum leit op de heechste terp fan Nederlân: 8,80 meter boppe NAP. Troch setting (of boaiemsakking) fan de grûn is de hichte fan de terp yn de rin fan de iuwen leger wurden; yn it ferline moat de terp noch heger west hawwe. De terp is al fan 600 foar Kristus ôf bewenne.

It besjen wurdichBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Hegebeintum.
It typysk Fryske tsjerkje mei stikken dowestien út de 13e iuw) dat boppe-op de terp fan Hegebeintum stiet kin besichtige wurde; ûnderoan de terp is in besikerssintrum. Opfallend oan de tsjerke binne de roubuorden. Yn dit Archeologysk Stipepunt fan it Frysk Museum wurdt in byld jûn fan alles wat mei de skiednis fan terpen te krijen hat. Dêr wurdt in grutte kolleksje rouboerden mei kleurige wapens bewarre fan de foarname famyljes Van Coehoorn, Van Nijsten en de Schepper fan Harstastate dy't dêr nei't tsjerke giene. By it ynformaasjesintrum sit ek de VVV fan Ferwerderadiel.
De Harstastate is in state mei in mânske esk yn de tún mei in stinzefloara. It is teffens in Bêd-en-Brochje lokaasje en hat in teetún.
Súdlik fan it doarp stiet de Hegebeintumermole út 1860.
BurmaniapaadBewurkje
Fan it eardere kleaster Foswert, tusken Ferwert en Wânswert, oer It Kleaster en troch de lannen, lâns de wetters De Traan en de Ferwerter Feart nei Hegebeintum. Oer de terp fan Hegebeintum en de Vogelzangsterwei nei De Ryp. Ut De Ryp wei oer de Kahoorsterleane nei de seedyk. It paad is 8,4 km lang.
MienskipBewurkje
Hegebeintum hat mei Ferwert in buertferiening.
BefolkingBewurkje
1954 | 1959 | 1973 | 1999 | 2002 | 2003 | 2004 | 2006 | 2008 | 2009 | 2010 | 2014 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
232 | 202 | 139 | 114 | 112 | 117 | 115 | 115 | 103 | 98 | 95 | 90 |
StrjittenBewurkje
- De Wym - buorskip De Wym
- Harstawei -
- Hege Tsjerkewei -
- Mr. Boeleswei -
- Mieddyk -
- Alde feart -
- Patroanswei -
- Pypkedyk -
- Underom -
- Vogelzangsterwei -
Berne yn HegebeintumBewurkje
- Jakob Nieweg (1877-1955), predikant en keunstskilder