Brantgum
Brantgum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Brantgum leit noardlik fan Foudgum, westlik fan Hantum en besuden Waaksens. De doarpskearn leit oan de Ids Wiersmastrjitte, Roasterwei en de Lytse Buorren, op de terp fan Brantgum.
Brantgum | ||
De strjitwei dy't it doarp midstwa snijd | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 240 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,59 km², wêrfan: - lân: 3,58 km² - wetter: 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 68 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 21' N 5° 55' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Brantgum | ||
Kaart | ||
De buorskip Fjildbuorren heart ek by Brantgum.
Brantgum hat 240 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens argeologyske fynsten is Brantgum om it begjin fan de jiertelling ûntstien. Ien ferklearring fan de namme is: 'hiem fan Brant'. Oaren tinke dat de namme ôflaat is fan in famyljenamme, Brantinga of Brandinga.
Brantgum waard yn 1450 neamd yn de trou-akte fan Aede Keijmpes Jongema Teytsma en Harka Eijsingha; in Liwa Homma's soan bringt 12 âlde skylden "rente uit Brantgum' yn. Yn 1491 wie it doarp belutsen by in bûn dat de stêd Grins sleat mei in grut tal kleasters en haadlingen yn Eastergoa ûnder lieding fan abt Jehannes fan Dokkum en Menne Jaerla út Wetsens. Yn 1539 wie Brantgum belutsen by in proses tsjin it kleaster Klaarkamp oer it ûnderhâld fan de hege brêge oer de Dokkumer Ie. It gie om in bedrach fan 250 goudgûnen en Aebe Sjucksma út Waaksens wie ien fan de riedsleden fan de easkers.
Yn 1700 wienen hast alle Brantgumer boeren pachters. Eigners wienen bûten it doarp wenjende aadlike grutgrûnbesitters lykas Aylva, Harinxma en Camstra. Allinnich Rinse Jans en de bruorren Jacob en Lieuwe Lieuwes wiene eigner fan harren pleats. Hja wienen besitter fan it grutte Monsmasate en dat soe de fierdere tiid sa bliuwe. Nei de Frânske tiid feroare de tastân folslein. De rol fan de adel wat grûnbesit oanbelange wie sa goed as dien. Yn 1818 hienen noch mar fjouwer pleatsen in aadlike eigener. Nije nammen as Memerda, Terpstra en Hannema dûkten op.
Yn 1867 stifte ds. Rinse Posthumus (sjoch ek Waaksens) in bibleteek. De kosten wienen, om't der gjin Nutsdepartemint wie, foar de tsjerkfâden fan Brantgum en Waaksens. By it 25-jierrich bestean hie de bibleteek 2500 boeken yn 'e útlien.
Holwerter Seis
bewurkje seksjeTegearre mei de doarpen Holwert, Waaksens, Raard, Foudgum en Boarnwert foarmet Brantgum de Holwerter Seis. Dit wien de doarpen dy op de rûte lein fan Kleaster Klaarkamp nei It Amelân.
Gemeente
bewurkje seksjeSûnt 2019 leit Brantgum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Nije wei
bewurkje seksjeTroch de oanlis fan in nije wei fan Holwert nei Dokkum wurdt it doarp yn twa parten ferdield omdat de nije wei rjocht oer de terp lein is.
Gebouwen
bewurkje seksjeDe states
bewurkje seksjeMennerdastate
bewurkje seksjeMennerdastate lei noardeastlik fan it doarp yn de hjoeddeiske buorskip Fjildbuorren.
De state wurde foar it earst neamd yn 1511. Yn it stik tekst wurde skreaun dat Adzert Mennerden bewenner wie mei syn frou Auck Stania. Yn de jierren 1700, 1718 en 1832 wurde Mennerdastate ek neamd. Yn dy jierren wurde der skreaun dat de state gjin bysûnderheid hie, sa as in grêft of in hege wier. Wannear’t de state sloopt is, is net bekent.
Op it terrein fan de state stiet hjoed-de-dei in stjelppleats.
De tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Brantgum.
De tsjerke wie oan Sint-Katarina wijd en is yn de 12e iuw boud. It oansjen fan de tsjerke fan no is ûntstien nei de restauraasje fan 1876-1877. Doe is ek de toer boud. By de restauraasje yn 1973 waarden ûnder de bepleistering muorredielen fan dowestien ûntdutsen.
Doarpswapen
bewurkje seksje'Yn sulver in rjochterskeanbalke, linksboppe mei in leelje en rjochtsûnder in seisspeakich rêd, alles fan keel, de balke beladen mei in pinsiel fan goud mei de stâle nei ûnderen ta rjochte'. De balke is ôflaat fan it wapen fan Westdongeradiel en ferwiist ek nei de wei dy't it doarp midstwa snijt. It pinsiel is in oantinken oan de skilder Ids Wiersma. It rêd is it symboal fan de hillige Catharina, de eardere patroanhillige. De leelje komt út it wapen fan de famylje Rinnerda.
Mienskip
bewurkje seksjeOan de Roasterwei stiet mienskipshûs De Terpring. Sûnt Simmer 2000 wurde der geregeldwei iepenloftspullen opfierd. Foar de bern is der alle jierren in Tintekamp.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 376 | 327 | 248 | 235 | 236 | 250 | 230 | 235 |
Tsjerke
bewurkje seksjeDer is in herfoarme gemeente Brantgum-Waaksens dy't oansletten is by de PKN. De twa tsjerken fan Brantgum en Waaksens binne ûnderbrocht by de protestantske stifting Silean. Dy stifting draacht der sûnt 2018 soarch foar dat tsjerken ûnderholden wurde en ek foar de takomst de funksje as tsjerkegebou yn stân bliuwt.[3]
Ferienings
bewurkje seksje- Feriening Doarpsbelangen Brantgum-Foudgum-Waaksens
- Feriening Fûgelwacht Brantgum-Raard e.o.
- Alles oan de hang - keatsen. Sjoch ek: Alles oan de hang)
- Biljertferiening
- Frouljusferiening
Skoalle
bewurkje seksjeBrantgum hie al betiid in skoalle. Ien fan de prysters wie ek skoalmaster. Hy hie foar it ûnderhâld fan de skoalle lân. Dat skoallân hat letter ûnder behear fan de tsjerkfâden oant yn de 19de iuw bestien. Nei 1580 bleauwen de skoalmasters. Wat opfalt is dat de skoalmasters hiel lang net by de offisjele tsjerke hearden. Yn 1889 boude de gemeente in nije skoalle en de bân tusken tsjerke en skoalle waard doe ferbrutsen.
Yn 2015 ferlear Brantgum de iennige skoalle, de iepenbiere Ids Wiersmaskoalle. Yn 't lêst hie de skoalle noch mar 25 bern. Ids Pjutten is it pjutteboartersplak fan it doarp.[4]
Iepenloftspullen
bewurkje seksjeSûnt Simmer 2000 wurde der faker iepenloftspullen hâlden. Yn 2007 wûn de ploech twa Gouden Gurbes, ien foar de bêste oanklaaiïng en foar de Publykspriis.
Berne
bewurkje seksjeBrantgum is it berteplak fan Ids Wiersma, dy't dêr 21 juny 1878 berne waard. Yn it doarp waard in strjitte nei Ids Wiersma neamd en der kaam in stânbyldsje fan him fan Gosse Dam. Men is dwaande om in fêst betinkingsplak foar Ids Wiersma yn te rjochtsjen en syn neilitten wurk in goed plak te jaan.
Tony Feitsma waard op 18 jannewaris 1928 op in pleats yn Brantgum berne. Feitsma wie warber foar de Fryske Beweging, it Frysk en de taal yn it offisjele ferkear. Feitsma ferstoar op 9 augustus 2009 en waard op it hôf fan Brantgum begroeven. Op 2 septimber 2018 organisearre it Feitsma Fûûns fwar it Frysk yn 'e tsjerke fan Brantgum in betinking fan Tony Feitsma, mei as namme it Bûter yn 'e Brij Festival 2018.[5]
Strjitten
bewurkje seksjeDe Jister, Dokkumerwei, Fjildbuert, Fjildbuertsterwei, Ids Wiersmastrjitte, Lytse Buert, Koopmanswei, Miedwei, Ringwei, Roasterwei, Stimhûsstrjitte, Strjitwei.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|