Foudgum

Foudgum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Foudgum leit noardlik fan Raard, westlik fan De Lytse Jouwer en besúden Brantgum. Yn 2021 hie it doarp sa’n 75 ynwenners. De doarpskearn fan Foudgum leit oan De Terp op de terp fan Foudgum.

Foudgum
Map NL Dongeradiel Foudgum.png
Flagge Wapen
Foudgum vlag.svg Foudgum wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 75 (2021) [1]
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flagge fan Noardeast-Fryslân.svg Noardeast-Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 5° 56' E
Webside Side Raard e.o.
FB-side fan Foudgum

Sûnt 2019 leit Brantgum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp sawol yn de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Fanâlds wurdt Foudgum rekkene ta de Holwerter Seis.

EtymologyBewurkje

De ierste fermeldiing fan it plak is Fodtenheim of Foldenheim (944). Dêrnei wurdt it plak Foldeghum (1422, Foudtgum (1449) Foedegum (1487), Foudeghum (1491), Fowdum (1511) neamd. De Fryske fariant is tsjin it ein fan de 16e iuw Foedgum. It diel 'um' wiist op hiem; de namme soe dan betsjutte kinne: it hiem fan Foldinga of Foldo.[2].

SkiednisBewurkje

Nei't earder op de kwelderwâl fan Hijum-Ferwert-Ternaard terpen opsmiten waarden, barde dat ek yn it gebiet djipper it lân yn. Sa ûnstie ek de rige terpen fan Fougum, Brantgum en Waaksens. Dy terpen leine yn in leger gebiet; de lânbougrûn dêr wie kweazich en smiet minder op en dêrom geskikter foar gerslân. Troch dy lege lizzing brochten de Alderheljenfloed yn 1570 en de Krystfloed fan 1717 in soad skea yn Foudgum.

It soe kinne dat it doarp yn de 2e en 3e iuw nei Kristus troch it hegere seenivo leechrûn en yn de 6e of 7e iuw wer bewenne rekke nei't dat seenivo wer sakke wie. It tij soarge foar it ôfsetten fan knipklaai op de feangrûn. Oant yn de midsiuwen waard dy sâlte feangrûn ôfgroeven en ferbaarnd om sâlt te winnen. Dat barde op grutte skaal súdeastlik fan it doarp yn it gebiet fan de Foudgumer Kolken.

 
Huzen oan de terp

Oant yn de 19e iuw bleau Foudgum in typysk terpdoarp. Oan de foet fan de terp wie de sirkelfoarmige ringwei, trochsnien troch de fjouwer op like ôfstân fan inoar lizzende tsjerkepaden. Op it heechste punt fan de 5,7 meter hege terp stie sintraal yn it doarp de tsjerke. Mei it oanlizzen fan in nije strjitwei yn de jierren 1860 feroare de struktuer fan it terpdoarp. It súdwestlike diel fan de âlde ringwei waard ûnderdiel fan dy nije strjitwei. Hûndert jier letter waard de strjitwei ferbettere en oer de terp oanlein, wermei't de histoaryske ienheid fan it doarp ferneatige waard. Fan de fjouwer tsjerkepaden binne der trije paden bewarre bleaun.

Yn de 19e iuw wie de terp hast net mear bewenne en yn 1896 waard útein setten mei it foar in part ôfgraven fan de terp. De terp waard lykwols yn de twadde helte fan de 21e iuw wer opfolle. Tsjintwurdich is de terp in ryksmonumint.

Eastlik fan it doarp leit de Foudgumerfeart, dy't it doarp mei de Dokkumer Ie ferbynt en eartiids brûkt waard foar lyts skipferker.

Foudgum hearde oant 1984 by de gemeente Westdongeradiel. Nei de weryndieling hearde Foudgum by de gemeente Dongeradiel, dy't sûnt 2019 opgien is yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

MarijetsjerkeBewurkje

 
De Marijetsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Foudgum).

De earste tsjerke moat sa om 1200 hinne boud wêze. De tsjerke wie oan Marije wijd. Fan dy romaanske Marijetsjerke is, útsein in diel fan de eastmuorre fan de toer, neat oerbleaun. Yn 1808 besletten de tsjerkfâden dat der in nije tsjerke komme moast. Dy is neffens de moade fan dy tiid yn empirestyl boud. Ek oan de toer is it nedige feroare.

Yn de toer hingje twa liedklokken, in sylinderfoarmige út 1395 en ien út 1732. De lêste is getten troch Jan Nicolaas Derk út Hoarn. It oerwurk is út 1640 en is by de lêste restauraasje yn 1972 wer oan 'e gong brocht en automatisearre. De tsjerke hat in iken preekstoel út de 17e iuw. It kabinetsoargel is om 1775 hinne, nei't er tocht wurdt, troch J.E. Hageman makke. It is it tredde plak wêr't it oargel stiet. Yn 1929 waard it oernaam fan de Frije Evangelyske Gemeente yn Ljouwert.

De tsjerke mei sealtektoer is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

StinstrastateBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Stinstrastate (Foudgum).

Eartiids stie oan de súdlike kant fan de terp yn Foudgum de Stinstrastate (ek wol Stenstera State). De stins stie earst op de terp en nei it bedykjen dernjonken. Tzaling Stenstera soe de earste bewenner west ha. Troch it houlik fan Frau Stenstera mei Hero fan Burmania gyng de stins op de Burmania's oer, dy't it besit yn 1640 ferkochten. De neikommende bewenners neamden har Stinstra. Nei 1640 wurdt Stinstra, útsein ien kear yn de Tegenwoordige Staat net mear neamd. De kadastrale kaart fan 1830 lit dêr in pleats sjen, mar sûnder namme.[3]

MienskipBewurkje

 
De terp
 
Nije pastorij

Foudgum wurket in soad gear mei de doarpen Boarnwert, Raard, Waaksens en Brantgum. Doarpsbelang dielt Foudgum mei Waaksens en Brantgum. It doarpshûs stiet yn Brantgum. Dy trije doarpen organisearje ek meiïnoar it doarpsfeest, dat ienris yn de twa jier mei keatsen fierd wurdt.

BefolkingsferrinBewurkje

Foudgum hat yn it ferline wolris mear ynwenners hân, mar ek hjir hat de ûntfolking fan it plattelân taslein.

Jier 1744 1799 1859 1869 1889 1920 1930 1954 1964 1971 2000 2010 2021
Ynwenners 73 89 119 123 141 144 142 165 113 90 80 80 75

FerieningsBewurkje

  • Doarpsbelang Foudgum-Waaksens-Brantgum
  • Fûgelwacht Brantgum/Raard

TsjerkeBewurkje

Tsjerklik foarmet Foudum mei Raard en Boarnwert de protestantske gemeente 'Meiïnoar Ien Raard-Foudgum'.

SkoalleBewurkje

 
Alde pastorij

Yn 1882 waard de legere skoalle fan Foudgum sletten; it gebou waard te brekfallich en it tal bern te lyts. De Foudgumer bern moast doe nei de Ids Wiersmaskoalle fan Brantgum, oant ek dy ticht moast fanwegen it lytse tal bern. Tsjintwurdich moatte de bern nei Bornwird (prot. kristlik) of Dokkum.

Piet PaaltjensBewurkje

Ien fan de bekendste bewenners fan it doarp hat faaks François Haverschmidt west. François Haverschmidt (Ljouwert, 14 febrewaris 1834 - Skiedam 19 jannewaris 1894), ek bekend as Piet Paaltjens. Fan 1859 oant 1863 wenne Havenschmidt yn de pastorij wenne en waard nei syn amtstiid yn Ljouwert yn Foudgum beneamd. Hy waard bekend om syn ferhalen, fersen en foardrachten. François Haverschmidt wie in depressive man, dy't him úteinlik yn Skiedam ferhinge yn 'e bedstee mei it gerdinekoarde .

Yn 1994 is der by gelegenheid fan syn 100e stjerjier in monumintsje makke troch Hille van der Gang. It monumintsje by de tsjerke stelt in iepen bibel en in brutsen hert foar: de twa kanten fan dûmny en dichter.

Neffens de muorre-ankers moat de âlde fan kleastermoppen boude pastorij út 1723 stamme. De lêste dûmny's wennen yn in nije pastorij. Tsjin it tsjerkhôf oan stiet 'It Lokaal', de kosterswente en it tsjerklike tsjinstgebou. François Haverschmidt joech dêr les en kategisaasje. It is noch te sjen dat it boud is as skoalle. No is it in ûnderdiel fan de âlde kosterswente.

StrjittenBewurkje

De Terp, Doekemawei, François Haverschmidtwei, Heemstrawei, Kolkreed, Piet Paaltjenspaad, Pijbemawei.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer oer de skiednis, sjoch op dizze side


 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden