Alderheljenfloed (1570)

Op 1 novimber 1570 wurde de Nederlânske en Belgjekust teistere troch in wettersneed, de Alderheljenfloed. Troffen stêden en doarpen binne ûnder oare Egmond, Bergen op Zoom en Saeftinghe.

Alderheljenfloed fan 1570 (by Antwerpen)

De Domeinried yn Bergen op Zoom hat op 1 novimber 1570 aanmerckende dat die groote stormen van winde ghisteren begonstoan de dykgreven fan it Súd- en Noardkertier in warskôging jûn troch seer uytnemende hooghe vloet'.

In lange perioade fan stoarm swypke it wetter ta ferskuorrende hichtes (heger as dy by de Wettersneed fan 1953). Talleaze diken oan de Hollânske kusten bejoegen it, wêrtroch't ferskuorrende oerstreamings barden en in ôfgryslike ravaazje oanrjochte waard. It totale oantal deaden, it bûtenlân meirekkene, moat boppe de 20.000 lein hawwe, wêrfan't minstens 3000 deaden yn Fryslân en Grinslân, mar krekte gegevens binne net bekend. Tsientûzenen minsken waarden dakleas, feesteapels waarden ferswolge en winterfoarrieden ferneatige. De Alderheljenfloed markearret it ûntstean fan it Ferdronken Lân fan Saeftinghe, en it ferdwinen fan it eilân Bosk yn de Waadsee.

De Alderheljenfloed barde op in krityk momint yn de skiednis fan de Nederlannen. De belestingherfoarmingen dy’t Alva besocht troch te fieren mislearren dertroch en de wiidfersprate ellinde ûnder de befolking ferhege de spanning yn it lân. Der wie al nei it fuortgean fan Willem fan Oranje hieltiten mear ûnfrede ûntstien oer it bewâld fan de Spaanske kening en syn lânfâd. De wettersneedramp fersterke dat noch mear.

Ferdronken doarpen

bewurkje seksje
  • Avenkerke (ek Brielle), ien fan de fjouwer ferdronken doarpen op it eilân Wulpen, foar de kust fan Siuwsk-Flaanderen
  • Cornsant op it eilân Bosk yn de Waadsee, tegearre mei suver it hiele eilân.
  • Klaaskinderkerke (ek Claeskinderkerke), ferdronken doarp op Schouwen-Duiveland
  • Koezand, ferdronken eilân yn de mûning fan de Westerskelde
  • Moggershil, ferdronken doarp op in eilantsje bewesten Tholen
  • Westende, ien fan de fjouwer ferdronken doarpen op it eilân Wulpen
  • Ek de dunen fan it eardere Waadeilân t Each (Kallantseach, Noard Hollân) brutsen troch, wêrtroch’t it twadde doarp Callants troch de weagen ferswolge waard.
 
Tinkstien yn de eastmuorre fan de tsjerke fan Mitselwier

Yn de bûtenmuorre fan it koar fan de tsjerke fan Mitselwier is in tinkstien oanbrocht dy't seit fan hoe heech it wetter stien hat by de Alderheljenfloed fan 1570. Dêr binne doe 1.800 minsken by omkommen yn East- en West-Dongeradiel.

  • In gedielte fan de tekst op dizze side komt fan de webstee fan it KNMY.