Alderheljenfloed (1170)

De Alderheljenfloed fan 1170 wie in grutte oerstreaming dy't ûntstie doe't de Noardsee tusken it hjoeddeiske Huisduinen en Tessel troch de dunerige bruts. De stream Marsdjip krige in ferbining mei de Noardsee en waard in seegat. It Kreiler Wâld, dat tusken Tessel en Medemblik lei, waard ferswolge troch de see. Tessel en Wieringen waarden eilannen. Neffens de Annales Egmundenses wie der sels eb en floed te fernimmen yn Utert.

De lizzing fan it Kreiler Wâld omtrint it jier 1000. De krekte grinzen fan de bosk binne ûnbekend.

Dizze oerstreaming markearre in begjin fan it fergrutsjen fan it Almere en it iepenjen nei de Noardsee, sadat de Sudersee en de Waadsee úteinlik ûntstean koenen.

Twa faktoaren wienen by dizze seefergrutting fan belang: de earste wie de seespegelstiging, de twadde wie de oanwêzichheid fan grutte feangebieten. Troch de grutte oanfallen fan de see waard it fean ôfslein en ferdwûn it yn de weagen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: