Almere (mar)
De Almere wie in mar of binnensee dy't op it plak lein hat, dêr't no parten fan Flevolân, de Markermar en de Iselmar lizze. De mar wurdt neamd yn it libbensferhaal fan de Angelsaksyske biskop Bonifatius. Hy fear yn 753 oer de Aelmere (mei it wurd 'ael' wurdt mooglik 'iel' bedoeld). Nei alle gedachten hat it wetter yn de Almere yn dy tiid swiet oant swak brak west. De tsjerke fan Utert hat fiskrjochten yn de mar hân.
Untstean en ein fan de Almere
bewurkje seksjeYn 44 nei Kristus neamde Pomponius Mela, in Romeinske ierdrykskundige, yn syn "De Choreographia" it wetter noch Lacus Flevo. Oare boarnen sprekke fan Flevum, dat flystream betsjut. De Flevomar ûntwikkele him nei de Romeinske Tiid troch ôfslach fan de wâlen ta de Almere.
Uteinlik hawwe inkele faktoaren der foar soarge dat út de Almere de Sudersee ûntstien is, te witten:
- It stiigjen fan de seespegel as gefolch fan de opwaarming troch it Midsiuwsk Klimaatoptimum.
- It ôfgraven fan stikken fean troch de Friezen yn West-Fryslân, dêr't it Fly en de ferbining tusken de Almere en de Waadsee troch ûntstien is.
- Troch oerstreamingen, bygelyks de Alderheljenfloed fan 1170.
Oars
bewurkje seksje- De stêd Almere yn Flevolân is letter nei de Almere ferneamd.