Lytse Wier
Lytse Wier is in buorskip tusken Wetsens en Nijewier yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
De namme kaam earder foar as Lyttzie Weer, Lithiaweer en Lutkewier.
Lytsewier hie yndertiid twa sates. Ien wie kleastergoed fan Sion. De oare sate wie eigenierd besit fan in famylje dy't soms as Tammama oantsjut waard.[1]
Moard Bewurkje
De skriuwer Anders Minnes Wybenga (1881-1948) ferhelle fan in moard. In boer út de buorskip hie spul mei in konkurrint op de pleats Germerhûs. It rûn út de hân en de iene boer sloech de oare dea en bedobbe syn lichem yn 'fiven'. It lichem soe inkele jierren letter weromfûn wêze.
Sjoch ek Bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|