Nijlân (Ingwierrum)
Nijlân is in buorskip noardeast fan Ingwierrum en noardlik fan Dokkumer Nije Silen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De namme komt ek foar as Nieuwland.
Benei alle adressen fan de buorskip lizze krekt binnen de wierskynlik 12e-iuwske seedyk oan de dearinnende dyk Nijlân. Oan de oare kant fan dy âlde dyk leit de Ingwierrumerpolder (út 1754, sa'n 164,6 hektare). De buorskip hat in tal 19e-iuwske pleatsen: Nijlân 8 út 1834, Nijlân 9 út 1849, de Kleastermanpleats (Nijlân 16) út 1869 en de Cooypleats (Nijlân 28) út 1848 [1].
Einekoaien
bewurkje seksjeYn de omkriten fan Ingwierrum wiene sân einekoaien. Dêrfandinne de einen yn it wapen fan Ingwierrum. Fan de fjouwer oerbleaune koaien lizze twa by de buorskip Nijlân.[2]
Koai fan Keegstra of Lytse Koai
bewurkje seksjeFan de twa koaien is dizze de âldste en de lytste. De koai mei seis fangpipen waard al neamd yn 1620 en is nei alle wierskyn ûntstien op it plak fan in eardere dyktrochbrek. Yn 1780 kaam de koai oan de Dykkontribúsje, in pleatslik wetterskip. De Dykkontribúsje ferhierde de koai en liet yn 1849 in nije pleats foar de koaiker sette. Sûnt 1859 is de famylje Keegstra brûker en sûnt 1980 ek eigener fan de koai. Yn 2017 waard der grut ûnderhâld oan de koai útfierd.[3]
Talmakoai
bewurkje seksjeYn 1717 boude Jacob Bodes (om 1689 - om 1755) sa'n 200 meter súdliker in twadde einekoai mei ek seis fangpipen.[4] Bodes kaam út in famylje fan koaikers en ferhierde earder al twa einekoaien by Teard yn de Eanjumer Kolken. Hy wie in tige betûft koaiker en waard sels frege om in einekoai te bouwen by de bûtenpleats fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk, Frâns I Stefan ûnder Holíč yn it Slowakije fan no.
De Talmakoai kaam dêrnei yn it besit fan de Harnzer famylje Talma. Pijbo Talma erfde de koai en de pleats anneks fan syn heit yn 1765. Yn 1832 wie de koai yn hannen fan Aritius Sybrandus Talma, griffier te Dokkum en pake fan politikus Syb Talma. De hjoeddeistige eigener is fan doel de koai in mear edukative funksje te jaan.[5][6] Ek dizze koai waard yn 2017 fannijs opmakke.[7]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|