Eanjumer Kolken
De Eanjumer Kolken is in natoergebiet fan It Fryske Gea mei einekoaien yn in greidegebiet tusken Eanjum en Tibben. De Súd Ie rint troch de krite.
Eanjumer Kolken | ||
Einekoai yn de Kolken | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Eanjum | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 141 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
It natoergebiet fan 141 hektare is fan belang foar pauguozzen, blêsgoes en grauwe goes dy't it as pleisterplak brûke. De Van Asperen Einekoaien, de Kuperuspolder en de Dykshoarne falle ûnder dit natoergebiet.
Foar 1931 wiene de healannen en einekoaien allinne oer modderige reden te berikken. Yn de hjerst en winter strûpten grutte parten fan it gebiet ûnder. Nettsjinsteande de beswieren fan de belanghawwenden wie der fan 1931 oan 1954/55 it boezemwetterskip De Kolken (760 ha). Dêrnei waard it behear oernaam troch de Polder fan East- en Westdongeradiel. Earst mei de ruilferkaveling, it befluorjen fan de diken en ferbettere bemealling waard it gebiet, ûngefear ein jierren 50, better tagonklik.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|