Steile Bank
De Steile Bank is in ûnbegroeide sânplaat fan 7 hektare tusken Aldemardum en De Lemmer yn de Iselmar. De plaat mei omlizzend wetter wurdt troch tûzenen fûgels brûkt as foerazjear-, rui- en rêstplak, dit fûgelreservaat hat in oerflak fan 1.846 hektare. It natoergebiet is yn behear by It Fryske Gea
Steile Bank | ||
Steile Bank | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Aldemardum, De Lemmer | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 7 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Steile Bank leit foar de Huitebuersterbûtenpolder oer. Troch de lege lizzing rekke dizze plaat net begroeid nei de ôfsluting fan de Sudersee. Winterdeis binne yn it ûndjippe wetter grutte kloften brildûkers, jollings en túfeinen. Guozzen as kolgoes, paugoes en wink brûke it gebiet as sliepplak, oerdeis sykje se fretten yn de Súdwesthoeke. De winken en lytse swannen sykje fretten op de bou yn de Noardeastpolder. Nei de briedtiid sitte tûzenen ielskolfers te rêsten op de bank.
Hjerringslynders en wylde einen en grypfûgels brûke de plaat om te ruien en steltrinders as klút, wilster en skries sliepe hjir. Fierder fan de kust sitte tusken de ielskolfers faak ielreagers en lytse sjouwermannen. Simmerdeis site hjir ferwyldere rôze flamingo's (út finzenskip) en kloftkes blaustirns en wytstirns.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |