Tsjongerwâlen
De Tsjongerwâlen is in natoergebiet bylâns de Tsjonger.
Tsjongerwâlen | ||
Tsjongerwâlen | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Ljouwert | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 2,4 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
Doe't de Tsjonger rûn 1870 kanalisearre waard bleau in soad sân en balstienliem oer. Sa ûntstienen tusken Donkerbroek en Makkingea hege sân- en liemwâlen dy't yn de rin fan de tiid begroeid rekken. Sa'n 2,4 hektare fan dizze grûnstoarten is yn behear by It Fryske Gea.
Yn de ûntstiene bosk groeie hagedoarn, bjirk. Op de grûn groeie de koekútsblom, twiblêd en op humusrike stikken segelplant, boskanemoan en it maaieklokje.
Troch it izerhâldende grûnwetter is de grinssleat mei de Tsjongerdyk faak brûn. Yn it wetter groeie djerreblom, wetterpinksterblom en holprip. De Tsjongerwâlen binne ûnderdiel fan in ekologyske sône, in wiete strook fan Easterwâlde oant de Prikkedaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |