De Warkumerwaard is in eardere sânplaat yn de Iselmar by Warkum. It meast natoerlike diel leit oan de bûtenrâne, de Warkumerbûtenwaard. De skulpebanken lûke in soad skriezen. It natoergebiet beslacht 145 hektare, it wetterfûgelreservaat is 732 hektare. It gebiet wurdt beheard troch It Fryske Gea en is goed te besjen fan de útsjochhichte by kemping It Soal en fan de ein fan de Slinkewei.

Warkumerwaard
Warkumerwaard
Warkumerwaard
lokaasje
neiste plak Warkum
oare ynformaasje
oerflak 145 ha en 732 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

Eardere kwelder

bewurkje seksje

De Warkumerbûtenwaard is fan oarsprong in sânplaat. Yn de tiid fan de Sudersee waard de kwelder trochsnien troch in djippe slinke, de Vlieter. Oan de eastkant wie de grûn klaaieftich (it griene strân), oan de westkant sânich. It griene strân wie foar it meastepart begroeid en op it westlike stik ûntstiene sânrêgen. Nei de oanlis fan de Ofslútdyk foel ek de sânrêch drûch en ûntstie it giele strân.

Doe't tusken 1934 en 1943 in simmerkaai opsmiten waard ûntstie in skieding tusken de bûtenwaard en de binnenwaard. Binnendyks waard der lân oanmakke, bûtendyks bleau de ynfloed fan de Iselmar. Dat wurk waard ynearsten mei út ein set troch de Heidemij. Yn it ramt fan de wurkferskaffing waarden wurkleazen ynset. Yn de Twadde Wrâldkriich kaam de útfiering fan it projekt yn hannen fan de NAD.

Binnendyks wurdt mei ringjen ûndersyk dien nei wilster, skriezen en hoantsen. Bûtensdyks is yn 1995 foar natoerûntwikkeling in stiennen daam oanlein dy't de efterlizzende opspuite sânbank beskermet. Oan de Iselmar lizze sân skulpebanken mei ûndjipten der tusken dy't sa no en dan drûchfalle. Op de banken sitte koloanjes kobben en wytstirns.

De floara bestiet út heech opgeande krûden lykas hinnebal, teeblom en tongerskerm. Efter de skulpebanken lizze wiete, skrale healannen. Op plakken is de ynfloed fan it eardere sâlte wetter op de begroeiing noch te fernimmen.

Yn de briedtiid sitte hjir in soad kobben en wytstirns. bûten de briedtiid benammen steltrinders as wylpen, skriezen en hoantsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard