Joadetsjerkhôf Noardwâlde
It Joadetsjerkhôf Noardwâlde of Jeudse Karkhof Noordwoolde is in natoergebiet fan 0,3 hektare dat beheard wurdt troch It Fryske Gea. It tsjerkhôf stamt út 1770 en is it lêste oantinken oan de lytse joadske mienskip dy't sûnt 1750 yn Noardwâlde wie.
Joadetsjerkhôf Noardwâlde | ||
Joadetsjerkhôf Noardwâlde | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Noardwâlde | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 0,3 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
Om it âlde tsjerkhôf dat boppe-oan de Skieppedrift oan de noardkant fan Noardwâlde steane iken op de beamwâl. It tsjerkhôf leit heger as de ôfgroeven omjouwing. It net mear brûkte begraafplak 'Israel' is eigendom fan de Israelyske Gemeente yn Ljouwert. De joadske mienskip hat it hôf yn 1989 opknapt: der is in monumintsje komd en by de tagong stiet in poarte. It monumintsje bestiet út in glêsplaat yn twa izeren peallen, op de plaat steane 38 joadske oarlochsslachtoffers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |