Nasjonaal Park De Alde Feanen
It Nasjonaal Park De Alde Feanen is in nasjonaal park op it grûngebiet fan de gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel . It hat in oerflak fan ûngefear 2500 hektare.
Nasjonaal Park De Alde Feanen Nationaal Park De Alde Feanen | ||
It Wikelslân. | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeenten | Ljouwert Smellingerlân Tytsjerksteradiel | |
koördinaten | 53°07′ N 5°55′ E | |
oare ynformaasje | ||
status | nasjonaal park | |
oerflak | 23 km² | |
stifting | 2006 | |
behear | Steatsboskbehear | |
webside | www.dealdefeanen.nl | |
kaart | ||
De Alde Feanen foarmje in alsidich leechfeanmoeras mei marren, feanplassen, petgatten, trilfeanen, sompen, reidlannen, healannen en moerasbosken. Yn it gebiet komme mear as 450 soarten planten en mear as hûndert fûgelsoarten foar.
Yn Earnewâld stiet it Besikerssintrum De Alde Feanen, mei dêrnjonken earrebarre-bûtenstasjon It Eibertshiem.
It gebiet is sûnt 1934 yn behear by de stifting It Fryske Gea. Nei in oprjochtingsperioade fan fjouwer jier waard De Alde Feanen op 26 april 2006 troch minister Veerman fan Natuer offisjeel ynsteld as tweintichste en lêste nasjonaal park fan Nederlân.
-
Marke yn Nasjonaal Park De Alde Feanen
-
Earrebarrenêst
-
Amerikaanske wynmûne
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nasjonaal Park De Alde Feanen fan Wikimedia Commons. |